Tal coronabesmettingen stabilisearret, mar net op Skylge

It tal coronabesmettingen dat fêststeld wurdt yn Fryslân, hat him de ôfrûne wike stabilisearre: it wiene 1.697, tsjinoer 1.644 in wike earder. Nei alle gedachten leit it tal minsken dat besmet is heger: mei de feestdagen ha minder minsken mei klachten har teste litten, tinkt de GGD.
© Shutterstock.com / Shawn Hempel
Mei de 1.697 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 16.491 Friezen it coronafirus fêststeld. De earste fêststelde besmettingen wienen op 10 maart ferline jier, by in pear op De Gordyk.
It deistige tal besmettingen sûnt it begjin fan de útbraak (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte positive testen binne de ôfrûne wike meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, yn totaal 310. Yn de gemeente Ljouwert wiene de ôfrûne wike 295 fêststelde besmettingen.
It tal positive besmettingen op Skylge falt op: 41. Omrekkene nei it tal ynwenners is dat 839 op 100.000 minsken yn ien wike.

Tal stjergefallen wer heech

It tal stjergefallen leit foar de twadde wike op rige in stik heger as trochsneed. It wiene der 17, ferline wike wiene it 19. GGD-dokter Everhard Hofstra sei ferline wike oer dy hegere sifers: "Daarin zien we terug dat we momenteel hoge aantallen besmettingen zien, dat zien we ook in verpleeg- en verzorgingshuizen. Daar overlijden mensen vaker."
It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei corona stiet no op 189. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt.
Boargemaster Van der Pol fan Skylge oer it grutte tal coronabesmettings

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Sjoch foar mear nijs oer it coronafirus op ús dossierside.