Oersettings konsert 'Er reed een trein naar Sobibor' presintearre op De Jouwer

Op De Jouwer binne tongersdeitemiddei de ynternasjonale oersettings fan it konsert oer Er reed een trein naar Sobibor presintearre. Dat giet oer it libben fan Holocaust-oerlibber Jules Schelvis, dy't tongersdei 100 jier lyn berne waard.
Inisjatyfnimmer Jan Vermaning © Orange Pictures
It konsert waard spile troch it National Symfonisch Kamerorkest, dat ûnder lieding stiet fan Jouster Jan Vermaning. Hy naam ek it inisjatyf foar de oersettings. Tongersdei waarden de ûndertitelings yn it Nederlânsk, Dútsk, Ingelsk en Poalsk presintearre. Ek waard der in ferzje foar dôven makke. Se binne fergees te downloaden.
Ek binne der Ingelske, Dútske en Poalske ferzjes fan it lespakket oer it libben fan Jules Schelvis makke. De presintaasje wie yn de Hobbe van Baerdt Tsjerke, dêr't it National Symfonisch Kamerorkest fêstige is.
Schelvis, berne yn Amsterdam, kaam yn de Twadde Wrâldoarloch yn sân ferskillende konsintraasjekampen terjochte, wêrûnder it Poalske ferneatigingskamp Sobibor. Yn 2012 brocht er dêroer it boek Er reed een trein naar Sobibor út. Yn 2013 waard in konsert en lespakket makke oer syn ferhaal.