Kwetsber mar pas letter in coronaprik: "As ik it firus krij, is myn oerlibbingskâns lyts"

Al hast in jier libje se yn isolemint yn Drachten, Akke Hazenberg (63) en har man Wiebe. Benaud dat se besmet reitsje mei it coronafirus, want dat soe foar Akke betsjutte kinne dat se it net oerlibbet. Se hat longkanker hân en is kwetsber. It coronafaksin soe foar har in útkomst wêze. De feroaring fan de ynintingsstrategy soarget der allinnich no foar dat se noch langer wachtsje moatte.
© Shutterstock
"Earst wie it sa dat myn groep, dy fan 60-plus mei in medyske yndikaasje, as twadde oan de beurt wie. Mar doe begûn de lobby fan tal fan organisaasjes en dan binne je fuort hast lêste", fersuchtet Akke. We belje mei har, want it leafst bliuwt se op grutte ôfstân fan oare minsken. "Ja, ik bin echt benaud dat ik siik wurd fan corona. Myn artsen ha my dêr goed foar warskôge. As ik it krij, dan is de kâns dat ik it oerlibje lyts."
De Gezondheidsraad wie helder yn it earste advys, fan ein novimber. Minsken fan boppe de 60 mei in medyske yndikaasje moatte as earste yn oanmerking komme foar in faksinaasje. It kabinet besliste lykwols oars. Nei in lobby fan de sikehuzen is medysk personiel dat wurket mei coronapasjinten as earste oan bar. Folge troch meiwurkers fan ferpleechhuzen en ynstellingen foar minsken mei in handicap. It doel is om sa de wurkdruk yn de soarch te ferleegjen.

Bernsbern wer sjen

Akke en de oare minsken út dy groep binne no pas fan ein maart ôf oan bar. "Wat dan sa krom is dat ien fan sis 59 mei astma earder in prik krije kin", seit Akke. "Dy minsken kinne somtiden noch gewoan in maraton rinne. Wy kinne de doar net út."
Se docht dan ek de oprop om de groep thúswenjende âlderen dochs earder te faksinearjen as dat heal mooglik is. "Dat jout my en tûzenen oaren de mooglikheid om wer in bytsje feiliger nei bûten te gean." Mar, folle wichtiger noch foar Akke en har man Wiebe: de bernsbern sjen. "Ik mis se oergryslik. Ik wurd der emosjoneel fan as ik der oan tink. Dizze simmer sieten we yn de tún op grutte ôfstân. Ik wol se gewoan sa graach oankrûpe kinne."
Akke Hazenberg út Drachten