Opknapt wenweinkamp Drachtsterkompenije moat yn augustus klear wêze

It sil no dochs echt heve: de wenweinbewenners yn de gemeente Smellingerlân krije in definityf, opknapt plak om har te fêstigjen. De gemeenteried naam it beslút dat der achttjin ekstra wenweinplakken komme moatte al yn 2018. Oant no ta is der lykwols noch hieltyd neat fan de grûn kaam.
© Omrop Fryslân
De winsk foar in definityf plak foar wenweinen yn Smellingerlân bestiet al lang. Yn 2018 demonstrearren wenweinbewenners mei spandoeken. Doe al kaam Smellingerlân mei 800.000 euro oer de brêge om út te sykjen wat it bêste plak is foar de wenweinen. It âlde wenweinkamp yn Drachtsterkompenije liket it meast geskikt te wêzen.
De gemeente jout oan net ferantwurdlik te wêzen foar de húsfêsting sels, mar allinnich foar it bouklear meitsjen fan de grûn. Wenningboukorporaasje WoonFriesland sil yn gearwurking mei de gemeente it wenweinkamp realisearje. "Wij zijn in gesprek met de bewoners over hun wensen", sa seit wurdfierder Annemarie Voortman fan WoonFriesland.
Dochs wurdt der troch de gemeente ek noch sjoen nei in lytsere lokaasje yn Drachten sels. Dêrfoar moat lykwols earst it bestimmingsplan oanpast wurde. Yn augustus dit jier moat it 'nije' wenweinkamp oplevere wurde.