Yn lockdown mei in grut gesin: "Kwestje fan hieltyd 'lieve vrede' bewarje"

07 jan 2021 - 19:56

It is dizze wike in drokte fan belang op nûmer 6 yn Sânfurd. De famylje Schotanus besiket dêr sa goed as it kin de lockdown troch te kommen, mar mei fiif bern is dat foar mem Dieuwke en heit Marten net alle dagen like ienfâldich. "Ik sil dy sizze, somtiden is it sa drok hjir yn 'e hûs dat ik hjir op de oprit yn de auto sitten gean om in telefoanpetear te fieren. Mei de doar fan de auto op slot."

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

De keuken op nûmer 6 yn Sânfurd giet oer yn de wenkeamer, en foarmet de romte dêr't de folsleine húshâlding it grutste part fan de dei trochbringt. En dan hat ien fan de bern tongersdei ek noch in freontsje op besite. "Yn de earste lockdown wie it better waar. Dan koene de bern der maklik efkes út te swimmen of gewoan lekker bûten wêze. Mar dat sit der no yn jannewaris faak net yn, mei it waar", seit Dieuwke Schotanus oan de keukentafel.

Altyd rumoer op 'e achtergrûn

It is net ienfâldich. Dieuwke en Marten ha de soarch foar Berber (10), Kirsten (8), Jilles (6), Ysbrand (4) en Nykle (2). En dizze tongersdei hat Jilles dus ek noch in freontsje oer de flier. "De bern binne oerdeis benammen ûnder. Dan is it faak in kwestje fan de 'lieve vrede' bewarje. En dat is wolris lestich", seit Dieuwke. Har man follet oan: "Oant no ta giet it noch wol, mar ast even rêst nedich hast oan de telefoan of yn in online gearkomste, faak is der dan rumoer op de achtergrûn. Dus dan moatst der somtiden even út, mar dat kin net altyd."

Berber (10), Kirsten (8) en Jilles (6) sitte thús troch de lockdown

De bern fine dat heit en mem goed harren bêst dogge, seit Berber. "We krije fan skoalle oan it begjin fan de wike in 'weektaak'. Heit en mem moatte ús dêr dan by helpe. Dat giet wol goed. Mar soms fernim ik dat se it net altyd leuk fine. Dat soe ik ek net fine, tink ik, wannear't ik fiif bern hie." Har suske Kirsten follet oan: "Soms is it wol drok yn 'e hûs. Dan sit Jilles bygelyks filmkes te sjen, dêr ha ik dan lêst fan. Dan gean ik mar op de sliepkeamer sitten." Jilles mist benammen syn freonen op skoalle: "Dêr is it folle leuker as thús."

Tichter byinoar

Dieuwke docht har eigen wurk faak jûns, om't it net te kombinearjen falt mei de soarch foar de bern. "Moatst se wol yn de gaten hâlde. Se moatte harren húswurk dwaan, of der giet in glês drinken oer tafel dat opromme wurde moat. Dus ja, je besykje dan ûnderling ôfspraken te meitsjen oer wa't wat docht. Mar yn de praktyk is it gewoan hartstikke lestich."

Dochs binne der ek foardielen, seit heit. "Fan 'e moarn sieten we om tsien oere pas oan it moarnsbrochje. Dat kin sa no en dan moai, efkes rêstich oan mei syn allen. Dat bringt je ek wer tichter byinoar as húshâlding."

Dieuwke en Marten Schotanus oer harren hûshâlding yn lockdown

Trefwurden: 
coronafirus lockdown Sânfurd
(Advertinsje)
(Advertinsje)