Drachtster winkeldief is 'net fan doel om op te hâlden'

In oan drugs ferslave ynwenner fan Drachten, dy't geregeld yn winkels stelt, is net fan doel om dêrmei op te hâlden. Dat sei er tsjin de plysje. "Ik moet alleen beter mijn best doen om niet gepakt te worden."
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tongersdei krige de man sân wike selstraf foar fiif winkelstellerijen. Ien kear gong it om pasta carbonara, oare kearen blikjes drinken of repen sûkelade. Hy sei dat er geregeld stiel as er jild nedich hie om drugs te keapjen.
De man hat in lang strafblêd. Earder krige er al trije kear fan de rjochter in ferplichte behanneling oplein. De offisier fan justysje warskôge dat de fjirde behanneling deroan siet te kommen.