Jonge potfisk nei oanspielen op Flylân deagien

Op Flylân is tongersdeitemiddei in potfisk oanspield. It bistje, in jong mantsje fan sa'n tsien meter, wie net mear te rêden en is oan de ein fan de middei dan ek deagien. Neffens Annemarie van den Berg fan stichting SOS Dolfijn giet it om in potfisk dy't it paad bjuster rekke is yn syn tocht nei it suden, en sa yn de Noardsee bedarre is.
Yn dizze tiid fan it jier migrearje mantsjes fan it noarden nei it suden. Somtiden nimme se dêrby de ferkearde ôfslach. Sa kinne se yn de Noardsee komme. Sa'n ferkearde ôfslach hat hast altyd de dea foar de bistjes ta gefolch. Dat komt om't de Noardsee te ûndjip is foar potfisken om te oerlibjen. "Het zijn verschrikkelijke beelden," seit Van den Berg. "Het zijn echt diepzeedieren. Die hebben het niet eens door tot ze ineens op het strand liggen. Het is echt verschrikkelijk om te moeten toekijken en dat je het dier niet kan redden."

Mooglik noch mear potfisken

Neffens SOS Dolfijn is de kâns oanwêzich dat der de kommende tiid noch mear potfisken oanspiele. "Een dag voor de kerst zijn er zeven potvissen aangespoeld op de oostkust van Engeland. Dus we waren al bang dat er een grotere groep verdwaald was geraakt. Dit mannetje hoorde er misschien ook bij, en wellicht volgen er dan nog meer."
It is noch net dúdlik wat der mei de oanspielde potfisk op Flylân barre sil. "Als je hem onderzoekt, kom je er misschien achter of hij ziek was. Dat kan dan de reden zijn geweest dat hij de weg kwijtgeraakt is. Maar zo'n onderzoek kost geld, dus we moeten nu even kijken wat de mogelijkheden zijn."
© Folkert Janssens
Annemarie van den Berg fan stichting SOS Dolfijn