Wolvesaakkundigen: 'Stek om Fryslân tsjin wolven hat gjin doel en wurket noait'

07 jan 2021 - 17:39

"Een onzinnig plan." Sa neamt stichting Wolf-Fencing Nederland it foarnimmen fan trije Fryske skieppeboeren en twa melkfeehâlders om in stek om Fryslân te setten tsjin de wolf. Ek it wolvemeldpunt fan de Zoogdiervereniging sjocht neat yn it stek.

Foto: ANP

De inisjatyfnimmers sizze dat it ûnmooglik is om noch skiep te hâlden yn in regio dêr't wolven omrinne. Ferline jier hat in wolf 25 skiep deade yn Fryslân.

Stek fan 5600 meter tsjin dingo's holp ek net

Wolf-Fencing Nederland jout boeren advys om wolven by skiep wei te hâlden. Jeannet Hulshof fan dy feriening seit tsjin RTV Noord dat se neat sjocht yn it plan. Se ferliket it mei it 'Dingo Fence' yn Australië fan 5600 kilometer. Dat moast skiep tsjin dingo's beskermje: "Dat was ook geen succes, net als het IJzeren Gordijn."

De plannen binne praktysk ek ûnhelber neffens Hulshof. "Het moet een stevig hek zijn, gecombineerd met stroomdraden. Zonder stroom lukt het niet wolven te verjagen, dan springen ze eroverheen of graven eronderdoor. En dan moet er ook nog eens voldoende stroom op die draden staan. En hoe willen ze het regelen met de wegen? Moet er een soort wildraster komen in de A7?"

'Wolf fynt altyd wol in gatsje'

Glenn Lelieveld fan it wolvemeldpunt fan de Zoogdiervereniging sjocht ek neat yn it foarstel. It is 'ekologysk, juridysk, finansjeel en praktysk net helber', seit er. "Een onzinnig plan. Een wolf hou je niet tegen, die is een meester in het vinden van een gaatje. Snelwegen, rivieren enzovoort zijn geen belemmering, laat staan een hek. Een schapenboer kan beter zijn weiland goed afrasteren, dat helpt wel tegen wolven, honden en vossen."

Kolleezjepartij FNP yn de Fryske Steaten rôp Wolvenhek Fryslân tongersdei op ta 'realiteitssin'. De partij wol net dat de provinsje meiwurket oan de plannen. "We meitsje fan ús moaie en natuerlike provinsje op dizze wize in bistetún." Deputearre Klaas Fokkinga neamde it ek al in 'ûnmooglik plan'.

Jeannet Hulshof fan Wolf Fencing

(Advertinsje)
(Advertinsje)