Swimbad yn Burdaard driget kopke ûnder te gean: 'It wetter stiet ús oan de lippen ta'

07 jan 2021 - 17:39

It swimbad fan Burdaard sit yn swier waar. Spetter Zwemopleidingen, dat yn it multyfunksjoneel sintrum yn Burdaard swimles jout, kin no al mei al fyftjin wiken gjin lessen mear jaan. Dat hat grutte gefolgen. Sûnder stipe fan de gemeente sil it lestich wurde om de holle boppe wetter te hâlden. "Je bent aan het watertrappelen, al 15 weken lang. Het water staat je echt letterlijk aan de lippen," seit de eigeneresse.

Foto: RTV NOF, Koos Scherjon

Eigeneresse Anita van der Weide is striidber en hopet noch dat it goed komt. "Ik hoop dat de exploitant ons niet verplicht de vaste kosten te betalen zodat ze inkomstenverlies hebben, en dat ze dan steun aanvragen bij de gemeente. Zonder steun is dit verlies niet in te halen."

Van der Weide hat noed oer dat de bern dy't swimles krije harren feardigens ferlieze. "Maar ook de ouderen die hier komen om te bewegen nadat ze bijvoorbeeld een nieuwe heup hebben gekregen kunnen nu nergens terecht", sa seit se. "Ze missen het ook echt en zij zullen de eersten zijn die straks voor de deur staan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)