Patyna: kommunikaasje oer omfoarming gewoane keukens ta 'patatkeukens' hie better kinnen

07 jan 2021 - 17:18

Soarchorganisaasje Patyna bringt it tal keukens yn de ferskate lokaasjes werom fan tolve nei ien. De organisaasje docht dat neffens eigen sizzen om't de doelgroep feroare is. De bewenners fan no hawwe kompleksere soarch. Dy skowe net sa maklik mear oan yn in restaurant yn in soarchynstelling, mar ite bygelyks yn lytsere groepen op de eigen ôfdieling.

Foto: creative commons

Tagelyk giet it ek om in flinke besuniging fan mear as in miljoen euro yn it jier. Der bliuwt ien sintrale keuken oer dêr't regulier iten sean wurdt. Yn de oare alve restaurants bliuwt in saneamde satellytkeuken oer, foar iten lykas patat dat bot yn kwaliteit tebekgiet by in langere levertiid.

It beslút hat foar in soad ûnrêst soarge ûnder it keukenpersoniel en de bewenners. Bestjoerder Elo Gramsbergen fan Patyna begrypt dat wol. De manier fan kommunisearjen hie folle better kinnen, seit er. "Het verdient niet de schoonheidsprijs. We moeten een inhaalslag maken en zullen voor het weekeinde een bericht doen uitgaan waarin we beter uitleggen wat de bedoeling is. Daarmee hopen we veel onrust weg te nemen."

Der is yn oerlis mei de fakbûnen in sosjaal plan makke mei in rintiid fan fjouwer jier. Minsken dy't har baan ferlieze krije help by it finen fan oar wurk.

Elo Gramsbergen fan Patyna

Trefwurden: 
Patyna soarch keuken
(Advertinsje)
(Advertinsje)