Gjin trochweakke posters mear: Eaststellingwerf krijt foardrukte ferkiezingsbuorden

07 jan 2021 - 17:07

Op 'en paad mei amers fol behangplaksel heart yn Eaststellingwerf ta it ferline: de gemeente hat keazen om foar de Twadde Keamerferkiezings fan maart de houten buorden foar de ferkiezingsposters te ferfangen troch mobile ferkiezingsbuorden. Dizze foardrukte buorden hawwe in bettere ferankering, en ek kinne de posters der net fan ôfwaaie.

It delsetten fan de trotterferkiezingsbuorden yn Breda - Foto: ANP

De kombinaasje fan hurde wyn en rein yn de perioade foarôfgeand oan de ferkiezingsdei yn 2019 soarge derfoar dat in soad kampanjeposters de dei sels net hellen. Dêrby soargen it waar en de minne ferankering yn de trochweakke grûn ek foar gefaarlike situaasjes, om't de buorden omfoelen.

Mei de trotterbuorden, sa't se ek wol neamd wurde, sil dat neffens de gemeente net mear foarkomme. Ek sille op dizze buorden oan beide kanten de posters te sjen wêze, yn stee fan oan ien kant.

De buorden wurde pleatst yn de doarpen Easterwâlde, Appelskea, Haulerwyk, Donkerbroek en Aldeberkeap.

(Advertinsje)
(Advertinsje)