Ald-FVD'er Maarten Goudzwaard op plak 4 fan kandidatelist JA21 by ferkiezingen

07 jan 2021 - 16:49

Maarten Goudzwaard fan Ljouwert stiet op plak fjouwer op de kandidatelist fan de partij JA21 foar de Twadde Keamerferkiezingen. Goudzwaard is foarsitter fan de Steatefraksje dy't him ôfsplitste fan Forum voor Democratie nei de opskuor dêr.

Foto: Omrop Fryslân

JA21 is ek ûntstien nei de rebûlje binnen Forum voor Democratie. Dy partij rekke yn opspraak nei rasistyske, antysemityske en homofobe berjochten fan it bestjoer fan de jongereinôfdieling. De foarsitter fan dy jongereinôfdieling, Freek Jansen, stie op plak sân fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen. Tal fan politisy ferlieten de partij, ûnder wa Joost Eerdmans en Annabel Nanninga. Sy ha doe JA21 oprjochte. JA stiet foar Juiste Antwoord.

In fraksjegenoat fan Goudzwaard yn de Fryske Steaten, Erwin Jousma, stiet foar Forum voor Democratie op de lanlike kandidatelist.

Peilingen jouwe JA21 twa sitten

De kandidatelist foar de ferkiezingen wurdt oanfierd troch Eerdmans. Nanninga wol net de Twadde Keamer yn, sy stiet op plak 30 as listtriuwer. Yn de lêste peilingen stiet JA21 op twa sitten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)