Wolf sjoen yn natuergebiet De Alde Feanen?

07 jan 2021 - 16:06

Yn natuergebiet De Alde Feanen is nei alle gedachten in wolf sjoen. Dat meldt It Fryske Gea, dy't der melding fan dien hat by Provinsje Fryslân. In wyldkamera fan de natuerorganisaasje hat it bist filme, yn de nacht fan tiisdei op woansdei. Oft it echt om in wolf giet, moat noch ûndersocht wurde.

Wolf sjoen yn natuergebiet De Alde Feanen?

De wyldkamera wie moandei ophongen en waard noch test. It apparaat hat sensoaren en reagearret op beweging. As der in bist foarby komt, begjint it te filmjen. "Dat giet sa rap, dat je earst bot twivelje oft it net gewoan in hûn is", seit direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea.

"Om wis te wêzen, hat de Zoogdiervereniging de bylden woansdeitejûn besjoen. Dy befêstigen ús fermoeden: de wolf hat De Alde Feanen oandien", seit De Vries. Om echt útslútsel te krijen, is der dna-materiaal nedich foar ûndersyk. Dêrom wurdt der noch socht nei poep fan it bist.

Foto: It Fryske Gea

It Fryske Gea seit dat de wolf wolkom is, mar begrypt de diskusje oer de feiligens fan skiep ek. In tal feehâlders wol in stek om de provinsje sette, om wolven te kearen. De organisaasje is sels ek eigener fan in keppel skiep.

De Vries: "Foar de feiligens fan ús skiep moatte wy in útkomst sykje. Wy tinke dêrbei oan koaien yn it lân foar de oernachting fan de skiep. Op dit stuit binne de bisten yn 'e skiepskoai en feilich foar de wolf. Mar wy hawwe ôfrûne hjerst al west te sjen by ús kollega's yn Oerisel en Drinte, hoe't men dêr de skiep beskermet."

Pachters mei skiep yn De Alde Feanen binne op 'e hichte brocht troch It Fryske Gea.

Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea

(Advertinsje)
(Advertinsje)