239 nije coronabesmettingen yn Fryslân, opfallend soad op Skylge

07 jan 2021 - 15:17

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 239 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 67 mear as woansdei, doe't 172 gefallen meld waarden. It deistige trochsneed is de ôfrûne wike 242.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, nammentlik 57. Dêrnei komt Ljouwert (36).

Skylge falt op

Opfallend is ek dat der op Skylge 19 nije besmettingen meld wurde. Sûnt nijjiersdei binne dêr al 41 besmettingen meld.

Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel trije nije stjergefallen meld as gefolch fan corona, yn de gemeenten Dantumadiel, Ljouwert en Súdwest-Fryslân. Der binne ek trije Friezen yn it sikehûs rekke mei corona, dat binne ynwenners fan Opsterlân, Tytsjerksteradiel en De Fryske Marren.

Lanlik grutte groei

Lanlik binne der 9.737 nije besmettingen fêststeld, dat wiene der woansdei 7.128.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)