Ien twivelgefal by SC Cambuur foar duel mei FC Volendam

It is noch net wis oft SC Cambuur-oanfierder Erik Schouten freed wol spylje kin tsjin FC Volendam. De ferdigener trainde tongersdei mar in lyts part mei fanwege in lytse blessuere. Robin Maulun, Ragnar Oratmangoen en Stanley Akoy binne trije spilers dy't der freed sawiesa net by binne troch blessueres.
Henk de Jong
Mocht Erik Schouten net spylje kinne, dan soe Joris Kramer him ferfange kinne. De hierling fan AZ ûntbruts op de lêste training, mar dat hie mei persoanlike omstannichheden te krijen. "Dat giet by my altyd foar", fertelt trainer Henk de Jong. "As der tryste famylje-omstannichheden binne, hearre je dêr te wêzen. Dat giet boppe fuotbal."

De genedeslach jaan

Tsjinstanner FC Volendam wie foar it seizoen ynskat as ien fan de titelfavoriten. Nei achttjin wedstriden steane de Noard-Hollanners sechsde mei leafst sechtjin punten minder as Cambuur. De Jong hopet se, wat de earste twa plakken oanbelanget, freed de genedeslach te jaan. "We binne noch net healwei de kompetysje, mar we moatte noch twa kear tsjin harren. Dus we moatte sjen dat we in goed resultaat helje, dan binne se fuort."
De ploech fan Wim Jonk en Fryske assistint-trainer Sipke Hulshoff wûn de trije lêste duels yn Ljouwert, mar dêr sieten wol twa oefenwedstriden by. De Jong: "Volendam is foar ús altyd lestich, hjir thús foaral. Mar by Roda JC hiene we út al 56 jier net wûn leau ik en dy ha we ek wûn. Dus je moatte it ek net muoiliker meitsje as it is."
Mitchel Paulissen
Middenfjilder Mitchel Paulissen hat wol in idee wêrom't Cambuur it faak dreech hat tsjin FC Volendam, in ploech dy't gewoanwei lykas Cambuur 'in fuotbaljende ploech' is. "Tegen ons willen ze zich nog wel eens wat aanpassen. Vorig jaar zakten ze ver terug. We zien wel waar ze morgen mee komen. We zijn op alles voorbereid."
De Limboarger makket in goed seizoen troch. Hy is in fêste basisspiler, makke trije goals en joech sân assists. Dêrmei is er by tsien goals belutsen. Dat is like folle as yn syn bêste seizoen by Roda JC, doe't er seis kear skoarde en fjouwer assists joech. "Dat wist ik niet. De cijfers zijn op zich wel prima, al mag er wel weer een doelpuntje bij. Maar een assist geven, geeft ook een heel goed gevoel. Als 'ie echt mooi is, is dat misschien wel leuker dan scoren."
SC Cambuur spilet freedtejûn om 21.00 oere tsjin FC Volendam. Omrop Fryslân docht ferslach yn in ekstra sportprogramma op de radio fan njoggen oere ôf. Presintator is Jacob Stelwagen en it kommentaar út it Cambuur Stadion komt fan ferslachjouwer Andor Faber.