Fûgelwacht giet op syk nei de hoarnûlen fan Grou

Wêr binne de hoarnûlen? Dat is de grutte fraach by de fûgelwacht fan Grou. Al sân jier dogge se in wintertelling fan de bysûndere fûgels. Mar it is dit jier stil yn it doarp.
Op syk nei de hoarnulen fan Grou
As in wiere detective strúnt Age Kleinhuis de beammen fan Grou ôf, op syk nei hoarnûlen. De fûgelman docht al jierrenlang mei oan de telling, en wit dat in groepke beammen yn it sintrum fan it doarp gewoanwei in 'trekpleister' is foar de bisten. "In ûle siket altyd in beam op dy't noch in bytsje yn it blêd sit, en hjir steane in hulst en in spjir en in grutte konifear." Oare jierren sieten der wolris 80 ûlen op dit plak. Mar tongersdeitemoarn is it stil.
De hoarnûlen binne dreech te sjen, om't se net in soad lûd meitsje, en tige hoeden fuortfleane kinne. Foar de bêste oanwizingen moatte je dan ek net omheech sjen, mar nei de grûn. Sykje nei de wite fûgelpoep, en ûleballen.
© ANP
Harkje nei de syktocht nei de hoarnûle
Mar yn Grou liket it leech, al de hiele winter bliuwe de hoarnûlen fuort. "Wy witte net krekt wêr't it oan leit, we kinne se net fine." Ek út oare parten fan it doarp kamen gjin meldingen fan de ûle. "Ik tink sels dat it komt omdat it net hielendal winter is, dat se net byinoar komme." Dêrnjonken wurdt der yn it doarp boud en ôfbrutsen, dat soe de bisten neffens Kleinhuis ôfskrikke kinne.
Kleinhuis hopet dat minsken dy't yn harren tún in hoarnûle sjogge, dochs noch in melding dogge. Want allinnich dan kin der in goed oersjoch makke wurde fan hoe't it mei de soart is. En dit jildt net allinnich foar Grou, mar oeral yn Fryslân wurde de bysûndere bisten teld.
© Omrop Fryslan
Harkje nei in petear mei Age Kleinhuis