Wer twa Fryske gemeenten by gearwurkingsferbân plattelân

07 jan 2021 - 14:02

Nochris twa Fryske gemeente slute har oan by P10, in netwurk fan plattelânsgemeenten. It giet om Noardeast-Fryslân en Weststellingwerf. Earder sieten De Fryske Marren, Opsterlân en Eaststellingwerf al by it netwurk.

Lichtaard yn Noardeast-Fryslân - Foto: Shutterstock.com / Marc Venema

It netwurk begûn yn 2008 mei tsien gemeenten, fandêr ek de namme P10. Yntusken binne 29 gemeenten by de P10 oansletten. Mei-elkoar wurkje se gear oan tema's dy't libje op it plattelân, lykas de leefberens, enerzjytransysje en gemeentefinânsjes.

Ellen van Selm, boargemaster fan Opsterlân, is foarsitter fan de P10. It netwurk presintearret yn maart de Agenda Platteland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)