Bert Looper hâldt op as direkteur fan Tresoar

07 jan 2021 - 13:52

Direkteur Bert Looper fan Tresoar wol yn de rin fan dit jier syn funksje dellizze. Ein 2022 sil Looper mei pensjoen, oant dy tiid bliuwt er wol by it histoarysk en letterkundich sintrum yn Ljouwert.

Bert Looper hâldt op as direkteur fan Tresoar

Yn 2007 waard Looper de twadde direkteur fan Tresoar, dat oan de Boterhoek sit yn Ljouwert. Yn de ôfrûne fjirtjin jier hat er de namme fan Tresoar binnen en bûten Fryslân bekender makke. Hy hat ek in soad enerzjy stutsen yn it presintearjen fan de Fryske literatuer op in fernijende wize. Dat die er troch ferbiningen te lizzen mei oare keunstfoarmen, lykas Obe: in poadium foar literatuer, keunst en taal op it Aldehoustertsjerkhôf.

Looper hat ek in soad lêzingen jûn en yn ferskate media publisearre oer keunst, literatuer, skiednis en identiteit fan Fryslân. Hy hat ek geregeld by Omrop Fryslân ferteld oer ûnderwerpen út de Fryske skiednis.

Bert Looper - Foto: Omrop Fryslân

Tresoar sil ynkoarten op syk nei in nije direkteur. Oant se dy fûn ha, bliuwt Looper dat sels.

Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)