Antoniussikehûs Snits hat mooglik net genôch faksins by opskaling coronasoarch

07 jan 2021 - 13:33

By it Antoniussikehûs yn Snits is it noch net dúdlik oft it freed slagget elkenien in faksinaasje te jaan dy't se faksinearje wolle. Mei-inoar kinne 205 meiwurkers in coronaspuit krije. Dat is genôch foar de meiwurkers dy't op dit stuit belutsen binne by de earste krityske soarch. Mocht it sikehûs opskale moatte, dan wolle se ek de meiwurkers dy't dan ynset wurde in spuit jaan kinne. It hinget allegearre ôf fan hoefolle faksins oft út de fleskes helle wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Ut de fleskes kinne fiif poarsjes helle wurde neffens de fabrikant, seit sikehûsapoteker Michiel Duyvendak. Hy hat de ôfrûne tiid fan seis oere moarns oant tsien oere jûns oan it wurk west om it allegearre yn goede banen te lieden. It faksin is mar fjouwer-en-in-heale dei hâldber nei ferstjoering troch it RIVM, dus der moat rap hannele wurde. Mochten de sikehuzen om watfoar reden dan ek faksins oerhawwe, dan gean dy nei de oare sikehuzen, sadat der neat wei wurdt.

Net fiif, mar seis intings

De sikehuzen hawwe in soad kontakt mei-inoar oer de faksinaasje. It MCL yn Ljouwert is woansdei begûn mei ynintsjen tsjin corona. Yn in tal sikehuzen die woansdei bliken dat der ek wol seis faksins út it lytse fleske fan 3 ml kinne. Dat is in krekt putsje en dêrom set it Antoniussikehûs apotekersassistinten yn dy't in soad ûnderfining hawwe en dy't hiel krekt binne.

"Dit is noch mar it begjin"

Ynearsten wurde dus de meiwurkers yninte dy't op de spoedeaskjende help en op de intensive care wurkje. Ek wurde der safolle mooglik minsken fan de coronaôfdieling faksinearre.

It kin in probleem wurde, as it sikehûs mear pasjinten opnimme moat op fersyk fan de lanlike autoriteiten. Dan binne der wol bêden en beskermjende klean beskikber, mar mooglik gjin personiel dat in faksin krige hat. Duyvendak: "Wy moatte der klear foar wêze dat der mear pasjinten komme. As de yninting freed en sneon achter de rêch is, moatte wy efkes bykomme en dan gau wer fierder. Dit is noch mar it begjin."

De Antonius soarchgroep hat 3.000 meiwukers, ynklusyf de thússsoarch. Mei seis doases per fleske kinne net 205, mar 246 personielsleden in coronafaksin krije. "Foar de lanlike beëage groep meiwurkers ha we dêrmei genôch, mar we wolle fansels safolle mooglik meiwurkers faksinearje", sa seit Duyvendak. Meiwurkers dy't no gjin faksin krije kinne, komme letter oan bar.

Apoteker Michiel Duyendak fan it Antoniussikehûs

Oare sikehuzen hawwe genôch faksins

Sikehuzen Nij Smellinghe yn Drachten en de Tjongerschans op It Hearrenfean begjinne freed ek mei faksinearjen en dat sil oant en mei snein duorje. Beide sikehuzen jouwe oan dat se wol genôch faksins krigen hawwe en dat de reeëns foar in faksinaasje hiel heech is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)