Hearrenfean stelt subsydzje beskikber foar oanpak ekstreem drûch en wiet waar

07 jan 2021 - 11:55

Ynwenners en bedriuwen yn de gemeente Hearrenfean kinne mei yngong fan 1 jannewaris 2021 in subsydzje oanfreegje foar de oanlis fan mear grien en it opfangen fan reinwetter. De gemeente stimulearret hjirmei maatregels tsjin de gefolgen fan ekstreem drûch en ekstreem wiet waar. Hûseigeners, hierders en bedriuwen yn de gemeente Hearrenfean kinne hjir yn 2021 de subsydzje 'Groener (be)loont' foar brûke.

Wetteroerlêst - Foto: Shutterstock.com

De gemeente seit dat nammentlik net allegear sels dwaan te kinnen. "Met de subsidie kunnen we samen zorgen voor een leefomgeving die beter bestand is tegen steeds vaker voorkomende langdurige droge én extreem natte weersomstandigheden", leit wethâlder Hedwich Rinkes út.

Ekstra grien en it opfangen fan reinwetter binne wichtich. Hoe mear reinwetter by fûle buien opfongen wurdt, hoe minder wetteroerlêst of wetterskea der ûntstiet. Dêrneist rekket it rioel minder gau oerbelêste by in hoasbui.

Ek nimt grien goed wetter op en soarget foar skaadwurking. Dat soarget wer foar ferkuolling yn hjite simmers. "Meer groen trekt ook nog eens meer insecten en vogels aan. En dat is weer goed voor de biodiversiteit", ferfolget Rinkes.

Seis subsydzjemaatregels

De subsydzje jildt foar seis maatregels: de oanlis fan in grien dak, oanlis fan in griene wand mei ynfiltraasjesysteem, de oanlis fan in reinwettergebrûkynstallaasje, it ferfangen fan ferhurding troch grien of wettertrochlittende ferhurding, it ôfkoppeljen fan de reinpiip fan it rioel, it oansluten fan in reintonne of in reinwetteropfang- of ynfiltraasjemodule.

Yn totaal is der 100.000 euro beskikber; 70.000 euro foar de earste trije maatregels. Dizze jilde foar partikulieren en bedriuwen en moatte foarôf oanfrege wurde. De oare 30.000 euro is bestimd foar de lêste trije. Dizze maatregels binne foar partikulieren en kinne achterôf oanfrege wurde.

It giet om ferbetterings fan de besteande situaasje. Nijbouprojekten wurde net subsidiearre.

Wethâlder Hedwich Rinkes

Klimaatferoaring

Yn 2020 stelde de gemeente Hearrenfean it útfieringsprogramma Klimaatadaptatie en Biodiversiteit (2020-2022) fêst. Op 14 desimber 2020 hat de ried it Watertakenplan Heerenveen 2021-2024 fêststeld. Yn dit nije plan leit ûnder mear it klam op klimaatferoaring. De griene subsydzjes komme fuort út beide programma's en plannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)