FNP ropt inisjatyfnimmers wolveraster op ta 'realiteitssin'

07 jan 2021 - 11:25

De provinsjale fraksje fan de FNP ropt de inisjatyfnimmers fan in wolveraster om Fryslân hinne op ta 'realiteitssin'. Stichting Wolvenhek Fryslân wol mei it raster, dat fan de Iselmar oant de Lauwersmar rint, foarkomme dat de wolf him yn Fryslân fêstiget.

Foto: Shutterstock

FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol: "Wy tochten dat wy nei de moasje yn Provinsjale Steaten om de wolf út Fryslân te kearen it djiptepunt wol hân hiene. Neat is minder wier. In stek fan 150 kilometer lang dwers troch it lânskip, dêr't noch gjin knyn of hart trochhinne kin. Op dizze wize meitsje wy fan ús moaie en natuerrike provinsje in bistetún."

De partij docht in appèl op de provinsje om op gjin inkelde wize meiwurking te ferlienen oan it inisjatyf en wiist ek op Europeeske regeljouwing dy't sa'n stek yn it paad stiet. Knol: "De útfierberens is nul en om in ekosysteem mei in stek te fersteuren giet eltse realiteitssin te boppe, sil de polarisaasje fersterkje en in echte wurkbere oplossing allinnich mar yn it paad stean."

It stek moat troch de Fryske greiden komme, troch it lân fan boeren. De stifting wol mei dizze boeren yn petear oer it plan. It plan wurdt tongersdeitemiddei pas folslein presintearre, mar der wurdt no al kritysk nei sjoen.

FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol

Juridysk net hâldber

Deputearre Klaas Fokkinga (FNP) begrypt de soargen fan stichting Wolvenhek Fryslân, mar neffens him is it ûnmooglik om in stek fan 150 kilometer te realisearjen. "It is juridysk net hâldber." Europeeske wet- en regeljouwing bepaalt dat de wolf in beskerme bistesoarte is yn Nederlân en Europa en dy kin dêrom net oan de grinzen fan Fryslân tsjinhâlden wurde.

"Ek ekologysk sjoen is it net winsklik." De wolf soe dan keard wurde mei it raster, mar dat soe ek betsjutte dat oare bisten it gebiet net mear yn en út kinne. It is foar yndividuele boeren wol mooglik om in stek of raster om harren lân te pleatsen, seit Fokkinga. "Dat dogge se ek yn oare provinsjes."

Wolf sinjalearre

Der is tongersdei tafallich in wolf sinjalearre yn De Alde Feanen. Neffens Fokkinga is it oantal meldings fan skea yn Fryslân op dit stuit lykwols net heech. "Mar skea is skea. Der is fan it Ryk in skeafergoedingsregeling. Foar elts deabiten bist krije boeren in fergoeding." Fokkinga betwivelet oft in stek dan in bettere oplossing is. "Mar wat de takomst bringt, kin ik op dit stuit noch net sizze."

Deputearre Klaas Fokkinga

(Advertinsje)
(Advertinsje)