Boargemaster Veenstra foar fjoerwurkferbod en legere wurkdruk politisy

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren sjocht yn syn nijjierstaspraak werom op de jierwiksel en it ynsidint by Hotel Anne-Klare op De Jouwer. "Op in pear plakken gie it, nettsjinsteande de lockdown en it fjoerwurkferbod, net goed." Veenstra hat begryp foar syn kollega-boargemasters dy't in bliuwend algemien fjoerwurkferbod wolle. Hy pleite fierders foar it ferleegjen fan de wurkdruk by politisy.
© Gemeente De Fryske Marren
Dochs is it mei de jierwiksel noch betreklik goed gien, seit Veenstra. "Fierwei de measte minsken hawwe harren oan de regels hâlden. It falt ta mei de skea. Der wie goed kontakt mei de karbidploegen dy't in fergunning hiene en ek mei groepen jongerein."

Coronakrisis en de jierwiksel

Boargemaster Veenstra helle de opskuor by Hotel Anne-Klare op De Jouwer in pear kear oan. It helle yn in pear moannen twa kear de media, sei Veenstra. "It hotel stiet dêrmei symboal foar de twa grutte ûnderwerpen dêr't ik my it ôfrûne jier mei dwaande hâlden haw: corona en de iepenbiere oarder. Hoe hâlde wy ús gemeente sa feilich mooglik, net allinnich mei âld en nij, en wat dogge wy om de gemeente fatsoenlik troch de coronakrisis te krijen."
De eigeners fan Anne-Klare binne neffens Veenstra in foarbyld fan hoe't ûndernimmers mei kreative ideeën komme om as hoareka te oerlibjen yn coronatiid. Yn july iepene it hotel in terras oer it wetter fan 't Syl hinne, binnen it ramt fan it programma Crisis in de Tent fan telefyzjekok Herman den Blijker. Dan is it tryst dat krekt sy op âldjiersjûn it slachtoffer wurde fan manlju dy't betocht hiene mei in jarretank mei karbid troch De Jouwer te riden. De plysje kaam harren gau op it spoar, mar gelokkich wiene de manlju sa ferstannich om harsels te melden" sei Veenstra.

Hege wurkdruk

De boargemaster spruts yn syn taspraak ek syn soargen út oer de wurkdruk by politisy. Ut lanlik ûndersyk docht bliken dat in riedslid sa'n 22 oeren yn de wike dwaande is mei gemeentepolityk. Wethâlders en boargemasters wurkje mear as 60 oeren.
In pear jier ferlyn wurken de riedsleden noch yn trochsneed goed 16 oeren wyks. It riedslidwurk soe net mear as 8 oant 12 oeren duorje moatte, fynt Veenstra. De measte riedsleden hawwe in baan en in húshâlding. Se moatte it riedswurk derby dwaan. Troch de wurkdruk te ferminderjen, wurdt it ek oantrekliker. Mear minsken wolle dan wol gemeenteriedslid wurde.
Wat is de oarsaak fan dy tanommen wurkdruk? Der komt in soad op it boardsje fan de riedsleden telâne. De gemeenteried komt yn kear yn de fjirtjin dagen gear en dat is wol in soad, neffens Veenstra. Der wurdt in soad praat en oerlein. "Dat is ek de essinsje fan polityk. Jo wolle earne wat fan fine. Mar soest ûndersykje kinne hoe'tst de diskusje beheine kinst ta de haadlinen."

Net mear alles dwaan

As foarbyld neamt Veenstra de nije omjouwingswet. De ynfiering dêrfan besoarget de gemeenten in soad wurk.
"Jo soene yn it foartrajekt mei de ried deroer diskusjearje kinne yn hoefierre oft de riedsleden yn detail ynformearre wurde moatte, wat it nivo fan dielname oan de beslútfoarming is en wat nei it kolleezje trochskood wurde kin. As it kolleezje dêr op in goede manier ferantwurding foar ôfleit, hoege in protte bestimmingsplannen net yn de ried oan de oarder te kommen."
Boargemaster Fred Veenstra