VVD Eaststellingwerf wol fúzje mei Weststellingwerf en Opsterlân

07 jan 2021 - 11:06

De VVD-fraksje yn Eaststellingwerf hat yn in kommisjegearkomste de doar iepenset foar in fúzje fan de trije OWO-gemeenten oer tsien jier. OWO is de yntergemeentlike gearwurking tusken Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân.

It gemeentehûs fan Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Fraksjefoarsitter Sierd van Weperen (VVD) fûn yn in fisydokumint oer de takomst fan de gearkomste te min fisy stean. It doel is en bliuwt om te kommen ta fierdere kwaliteitsferbettering en kostebesparring. De finansjele foardielen fan de gearwurking binne ûndúdlik. Wêr mooglik lûke de OWO-gemeenten tegearre op, mar by elts beslút bliuwt de eigen identiteit foarop stean.

Eigen identiteit

Van Weperen: "We blijven zelfstandig in verband met eigen identiteit, maar wat is die eigen identiteit? De gemeenten hebben hun eigen cultuur wordt gezegd. Maar hoe verschillend zijn we dan? Wat staat samengaan in de weg? Kunnen we bestuurskosten niet besparen en ook op de kosten van huisvesting?"

Miskien binne de ynwenners wol fierder dêryn as de polityk, sa oppere de VVD'er. "Over welke identiteit heb je het als schaalvergroting in de gemeenten om je heen doorgaat. Zet een stip op de horizon voor een fusie met de twee gemeenten over tien jaar." De VVD kundige foar de folgjende riedsgearkomste in moasje dêroer oan. "Fjochtsje it mei elkoar mar út", sa sei boargemaster Harry Oosterman.

Besite

Van Weperen ferwachtet dat in fúzje folgjende wike ek oan 'e oarder komt by in besite oan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dat petear giet oer de ferfanging fan boargemaster Oosterman, dy't op 1 augustus 2021 syn funksje delleit. Dat de VVD dêr oer in fúzje prate wol, skeat yn it ferkearde kielsgat by Ooststellingwerfs Belang (OB).

Fraksjefoarsitter Henk Dongstra (OB) frege him ôf oft it wol needsaaklik is om kultuerferskillen oerbrêgje te wollen, sa't yn it fisydokumint bepleite wurdt. "We willen toch als gemeente onze eigen identiteit behouden?" It liket as sjocht OB de term identiteit as in argumint om in fúzje tsjin te hâlden. "Alle inwoners van de twee buurgemeenten zijn hetzelfde."

"Identiteit is gevoel"

Van Weperen dage Dongstra út om ynhâld te jaan oan de ûngrypbere term 'identiteit'. Dongstra: "Identiteit is gevoel, historie, hoe je omgaat met burgers, wat je als gemeente wilt zijn. Hoe groter, hoe logger, hoe verder de afstand tot de burger." It útgongspunt fan de gearwurking is gjin fúzje, sa sei Bart Polpe fan de PvdA mei klam. Dy partij is tefreden oer de gearwurking.

Wêrom net no in fúzje, woe Rik Berends fan GrienLinks witte. "Het staat de VVD vrij om voor een fusie te zijn, maar ik ken geen financiële voordelen." Van Weperen ferwachtet dat it noch wat tiid kostet om it idee rypje te litten, om eltsenien mei te krijen. "Je geeft de andere twee gemeenten de gelegenheid om daar naar toe te werken." Foaral de lokale partijen yn de beide Stellingwerven moatte neat hawwe fan in fúzje, se wolle tichtby de boargers stean.

Tiidgeast feroaret

It giet lykwols ek om harren fuortbestean. Der binne gjin foarbylden fan slagge fúzjes, sa fûn Stellingwerf PLUS. Wolter Slager fan Wij Lokaal woe hielendal gjin stip op de hoarizon. "Dit is pijnlijk, te meer dat de VVD dit in de vorige periode ook al in Weststellingwerf heeft geprobeerd. Daar zijn ze er op teruggekomen. Dit is een aanval op de samenwerking die vol vuur is ingezet. De stip op de horizon is een ultieme samenwerking. Er zijn zaken die beter kunnen, maar die worden in dit stuk helaas niet benoemd."

De tiidgeast is neffens de VVD lykwols oan it feroarjen, ek sjoen it thúswurkjen. "We geven een signaal af, we zetten de deur open, ook voor Weststellingwerf." De oergrutte mearderheid fan de gemeenteried fan Weststellingwerf hat in jier lyn útsprutsen dat dizze riedsperioade gjin reden is om oer in fúzje mei oare gemeenten te praten.

"Emoties spatten van het scherm"

Mar fan VVD'er Richard Bos mocht dêrút net de konklúzje lutsen wurde meie dat der dus ek op termyn gjin draachflak foar is. Hy krige dêryn stipe fan D66 en GrienLinks. Yn Eaststellingwerf is neffens Henk Dongstra blykber de ferkiezingskampanje no al begûn. De riedsferkiezings binne op 16 maart 2022. "De emoties spatten van het scherm af", sa wie de ûnderfining fan ûnôfhinklik riedslid Simon ter Heide. "Laat de tijd zijn werk doen. De lokale partijen hebben nu nog veel invloed in de colleges."

(Advertinsje)
(Advertinsje)