Kollum: "Mantgum"

07 jan 2021 - 08:25

"Mantgum wie fan 'e wike lanlik yn it nijs. Yn De Volkskrant twa siden oer de útwreidingsplannen by it doarp. Oan de eastkant moatte tolve nije wenten komme, neist it multyfunksjoneel sintrum De Wjukken. Oardel bunder gerslân moat plak meitsje foar nije huzen. Der binne trije partijen dy't der poer op tsjin binne.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

As earste de boer dy't it stik lân no pachtet en dat fansels kwyt rekket aanst. Hy kriget neffens de krante stipe fan noch in pear oare boeren yn 'e buert. Twadde is de FNP fan de gemeente Ljouwert der op tsjin, folge troch, neffens in berjocht fan de Omrop, tsientallen bewenners. Der soe net genôch rekken hâlden wurde mei it karakter fan Mantgum en der soe net genôch oerlein wêze mei it doarp. En ta beslút is dêr arsjitekt, Mantgumer en âld Boer Zoekt Vrouw-frou Nynke-Rixt Jukema.

Yn 'e krante seit sy dat it hjir giet om minsken mei jild en konneksjes: as dy wat wolle, dan bart it dochs. En 'wij worden ondertussen weggezet als de zeurpieten die overal tegen zijn. In wat voor maatschappij leven we dan?' De grap is dat de nûmer twa fan it haadbestjoer fan de FNP, Annigje Toering, tafallich ek yn Mantgum wennet. Dus hoe't it krekt sit mei konneksjes en jild, Nynke-Rixt Tesla Jukema, dat wit ik net krekt.

Ik begryp earlik sein ek net sa goed wat der no krekt op de bou tsjin is. De boer, fansels, dy rekket syn lân spitigernôch kwyt, en dan kinst in beam opsette oer it ferlies fan lânbougrûn oan wenten. Mar de ôfrûne santich jier is de lânbou yn Nederlân enoarme gebieten kwyt rekke oan wenten, en de produksje fan de agraryske sektor hat noch nea sa heech west. We binne de twadde eksporteur fan 'e wrâld. Dus dêr falt noch wol wat tsjin yn te bringen. En dan hawwe wy it hjir oer oardel bunder. Dat is lytser as De Wjukken en de tennisbaan, dy't noch mar tweintich jier lyn neist Mantgum boud binne.

Dan giet it oer it sicht op Mantgum. It soe it karakter fan Mantgum as terpdoarp skeine, sa tekene de Omrop op yn augustus. No wol it gefal dat ûngefear trijekwart fan wat no Mantgum is, nijbou is fan de ôfrûne tweintich, tritich jier. Dat giet oer hûnderten wenten, dy't yn in grutte bôge stean, fan it stasjon oant it stikje lân dêr't wy it no oer hawwe. Dan kinst it wol hawwe oer it karakter fan it doarp en oer it sicht op de terp. Mar dat is as oftst de buorlju fregest of se wat stiller dwaan kinne, wylst by dysels fjouwer radio's folút oan steane. Der komme tolve wenten by, Mantgum groeit miskien mei twa persint, hast neat. Sa fragyl is it karakter fan dit doarp dochs net?

Ik lês gewoan gjin inkeld goed argumint. Mantgum is ien fan de plakken yn Fryslân mei in treinstasjon, oer konneksjes sprutsen, en dat lûkt skynber minsken oan. It CBS besifere oardel jier lyn dat Fryslân yn de kommende fyftjin jier te meitsjen krijt mei in krimp fan 5 persint. Der binne doarpen dy't mar wat graach wat mear folk yn 'e ferienigingen, yn de basisskoallen en yn harren OV-ferbiningen hawwe wolle. En dan komt dat bedoarne Mantgum. Utmakke wurde foar seurkonten is net okay. Utsein as je it miskien dochs binne.

Mar it is einliks noch slimmer dan dat. Want om't it trajekt fan de bou al trije, fjouwer jier lyn ynset is, komme dy wenten der no gewoan. It protest is echt fierstente let ynset, benammen troch de FNP fan Ljouwert. De boer wie der op 'e tiid by, as ik it goed begrepen haw. Mar dat fan de FNP snap ik echt net. Want no wenje dêr aanst minsken, en dy komme dêr by de Poiesz - ek sa wat, in doarp mei in supermerk moat gewoan de mûle hâlde, wat soene oaren dêr net foar dwaan, buorman Jorwert rekket takom simmer de basisskoalle kwyt - hawar, hoe wurdt der dan mei de nijkommers omgien? Kin dat dan folwoeksen, mei in waarm wolkom, of wurdt it se noch desennia neidroegen, troch se yn lingte fan dagen 'ymport' te neamen? Ik hoopje it dochs net. Hjir hat de FNP in grutte ferantwurdlikens: yn wat foar mienskip libje wy dan?

Sûnt ferline moanne is der in sneltrein tusken Snits en Ljouwert, dy't net mear op stasjon Mantgum stil stiet. Lit dit doarp asjeblyft de seiningen telle, en net noch mear treinen misse."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)