Frou út Grins slim ferwûne nei ûngelok yn Ljouwert, Drachtster (65) oanholden

Op de Aldlânsdyk yn Ljouwert is tongersdeitemoarn in frou fan 29 jier út Grins slim ferwûne rekke by in auto-ûngelok.
Ungelok op Aldlansdyk
De frou hie krekt in kopsturtbotsing hân en stie op de dyk om it ferkear op it ûngelok te wizen. Op dat stuit waard se oanriden troch in automobilist fan 65 jier út Drachten. It slachtoffer rekke beknypt tusken twa auto's en rekke slim ferwûne oan de skonken. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De automobilist út Drachten is oanholden.
© Anton Kappers