Feehâlders wolle 150 km lang stek om Fryslân hinne om wolven te kearen

Trije Fryske skieppehâlders en twa melkfeehâlders, feriene yn de stichting Wolvenhek Fryslân, wolle in stek bouwe op de Fryske provinsjegrins om de wolf bûten de doar te hâlden. It stek moat sa'n oardel meter heech wurde en wurdt oer 150 kilometer provinsjegrins lutsen. De plannen kostje neffens de stichting oardel oant twa miljoen euro. De feehâlders presintearje it plan tongersdeitemiddei yn Den Haag.
Stek om Fryslân hinne om wolven te kearen
De wolf hat him jierrenlang net sjen litten yn Nederlân, mar ôfrûne jier makke it rôfdier in comeback. Der waarden ferskate kearen skiep deabiten. Yn juny tsjinnen fjouwer provinsjale partijen in moasje yn tsjin de komst fan de wolf yn Fryslân. Fiif moanne letter sei deputearre Klaas Fokkinga fan de FNP lykwols dat der gjin maatregels naam wurde kinne yn ferbân mei Europeeske wetjouwing.
"Veel dieren zullen binnen 10 jaar uit de wei verdwijnen door de snelle en ongelimiteerde uitbreiding van de wolf. Over vijf jaar heeft Nederland te maken met 50 tot 150 zwervende en gevestigde wolven", sizze de feehâlders yn de stichting. "It is in kar: of de wolf, of it fee yn it lân", sa seit Jehan Bouma, de foarsitter fan de stichting.

Oerheidsstipe

De oerheid wol feehâlders helpe troch de oanskaf fan wolfkearende rasters te subsidiearjen, mar neffens de stichting is dat foar yndividuele bedriuwen net helber. It smyt in soad ekstra wurk op en dat wurdt net fergoede. De oerheid fergoedet op it stuit noch wol de skea fan deabiten bisten, mar oer in oantal jier is dat net mear it gefal as de feehâlders gjin rasters pleatse. 'Schade is je eigen schuld als je het niet doet', soe it argumint dan wêze.
It stek soe tusken de oardel meter en 1,70 meter heech wurde moatte. "Ut stúdzjes en mear docht bliken dat in stek fan 1,70 meter heech mei in stroomtried dêrboppe heech genôch is om de wolf te kearen", fertelt Bouma.
© Shutterstock
As alle feehâlders de rasters wol oanskaffe, soe dat de provinsje mear as 10 miljoen euro kostje. "Het is zeer de vraag of de politiek daar uiteindelijk wel toe bereid is", seit de stichting. Dêrneist soe it iepen lânskip te bot feroarje as eltsenien rasters en stekken pleatst.
"Kortom: het beleid van 'leren leven met de wolf' door preventieve rasters te verstrekken is een schijnoplossing en leidt ertoe dat veehouders straks ook nog zelf de schuld krijgen als ze dieren verliezen aan de wolf", skriuwt de stichting op harren webside.

Kosten: oardel oant twa miljoen euro

In wolvestek op de bûtengrins fan Fryslân soe in soad kopsoargen foarkomme moatte en dêrneist it iepen lânskip net oantaaste. De grins fan de Iselmar oant de Lauwersmar ferget sa'n 150 kilometer stek, wêrby't it stek neffens Bouma foar natuergebieten lâns giet. "Wy wolle natuergebieten op de râne fan Fryslân, Grinslân en Drinte der net by yn flappe. Dy litte wy derbûten", sa seit hy.
Op de plakken dêr't gjin stek mooglik is, sa as asfaltearre stikken fan de grins, wol de stichting de gebieten ûnoantreklik meitsje foar wolven. Dit kin bygelyks troch in stek sa'n fyftich meter oan beide kanten fan in dyk te pleatsen, sa stiet te lêzen op harren webside.
De stichting skat dat it stek sa'n oardel oant twa miljoen euro kostje sil. Dêrmei soene neffens de stichting de maatskiplike kosten flink leger wêze as wannear't oeral yndividuele wolverasters pleatst wurde. Stichting Wolvenhek Fryslân presintearret syn plan foar it 150 kilometer lange stek tongersdeitemiddei yn Den Haag.

Provinsje: ûnmooglik idee

Deputearre Klaas Fokkinga moat noch útsykje hoe't it juridysk krekt sit, mar seit dat it idee fan de feehâlders net helber is. "As se letterlik in stek om de provinsje sette wolle, is dat in ûnmooglik plan." Dat soe dan dwers troch it lân fan guon minsken moatte. De inisjatyfnimmers fan it stek sizze dat se yn petear wolle mei alle boeren by wa't dat stek troch it lân moatte soe.
Links foarsitter Jehan Bouma fan de stichting, rjochts sekretaris Diederik Sleurink © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Jehan Bouma, foarsitter fan stichting Wolvenhek Fryslân