Tiid hold efkes skoft yn Ljouwert; stilsteande stedsklokken werompleatst

07 jan 2021 - 08:23

De tiid hat in skoftke stilstien yn Ljouwert. Fiif oerwurken wiene suverkrekt pleatst yn de Fryske haadstêd, mar waarden rillegau wer fuorthelle om't se haperen en net mear de goede tiid oanjoegen. De klokken binne yntusken fan in nij systeem foarsjoen. Woansdei waarden se werompleatst.

Foto: Google Street View

"Deze klokken staan op masten op openbare plekken in de stad, bij pleinen of kruisingen", leit Agge Lukens, adviseur iepenbiere ferljochting fan de gemeente Ljouwert, út. "We zijn een van de weinige gemeenten in Fryslân die nog klokken hebben."

Je soene tinke dat de klokken tsjintwurdich oerstallich binne, no't eltsenien in mobile telefoan hat dêr't se de tiid op sjen kinne. "Maar als je kijkt hoe veel meldingen wij krijgen van mensen die de klokken missen, dan zijn ze blijkbaar nog nodig."

De klokken wiene yn 2020 pleatst, ta ferfanging fan de eardere klokken, dy't harren bêste tiid hân hiene. De nije klokken moasten de gemeente in soad wurk út hannen nimme. Se soene ûnder oare automatysk oergean fan simmer- op wintertiid en vice versa.

Min sinjaal

"Deze klokken werken radiogestuurd. Dat signaal komt uit Duitsland, maar op een of andere manier ontvangen wij dat signaal niet goed in Leeuwarden", leit Lukens út. De klokken bleaune dêrtroch konstant op 12 oere stean. De gemeente helle de fiif nagelnije klokken dêrom al rap wer fuort.

Yntusken wurkje de klokken op in nij systeem. Lukens: "Er zit nu een nieuw gps-uurwerk in. Het uurwerk maakt verbinding met gps-satellieten, waardoor ze altijd goed lopen", seit Lukens. De klokken soene it no dus wer dwaan moatte. "Woensdag zijn er twee teruggeplaatst. De andere klokken worden de komende weken vervangen. Dan lopen we weer goed op tijd."

Agge Lukens

Trefwurden: 
Ljouwert klokken
(Advertinsje)
(Advertinsje)