Twa ferwûnen by ûngelok op 'e Wâldwei, ien fan harren oanholden

07 jan 2021 - 14:37

By in ûngelok op de Wâldwei (N31) binne tongersdeitemoarn betiid twa minsken ferwûne rekke. It ûngelok barde op 'e hichte fan Warten. In oanhingwein mei keallen deryn stie op de dyk, dêr wienen twa oare auto's tsjinoan botst. De bestjoerder fan de oanhingwein, in 25-jierrige man út Dantumadiel, is oanholden.

Foto: CAMJO media

Om 6.20 kaam de melding binnen by de helptsjinsten, dy't manmachtich útrieden. De folsleine rydbaan soe besiedde lizze mei brokstikken, sa melde in tsjûge. Der binne trije weinen belutsen by it ûngelok. De bestjoerder fan de oanhingwein moast foar kontrôle nei it sikehûs, mar koe dêrnei heard wurde troch de plysje. De oare ferwûne is in 55-jierrige automobilist út Burgum.

De plysje hat in blaastest ôfnaam by de bestjoerders fan de belutsen auto's. Gjinien fan harren wie ûnder ynfloed.

Trefwurden: 
ûngelok N31 Wâldwei Garyp
(Advertinsje)
(Advertinsje)