Undernimmers hawwe grutte soargen no't reserves opreitsje

07 jan 2021 - 06:10

Undernimmers hawwe grutte soargen oer it fuortbestean fan harren saken wannear't de coronafergoedingen en regelingen ôfrinne. Se ferwachtsje falliseminten en wurkleazens yn it twadde fearnsjier fan 2021. It wetter stiet guon ûndernimmers no al oan 'e lippen.

Undernimmers hawwe grutte soargen

Undernimmers yn hoareka, kultuer, mar ek yn de detailhannel ferwachtsje drege tiden. Wannear't regelingen foar finansieringen ôfrinne en as de hier wer folslein betelle wurde moat, kin it yn de lockdown net mear út.

De reserves binne oer in pear moannen op en sûnder nije ôfspraken mei banken en ferhierders is it de ein fan harren saken. Oant dy tiid sjogge se net fierder as in dei foarút om de moed net te ferliezen. Sa seit Evert-Jan ven den Hoed fan restaurants Roast en Kelder '65 yn Ljouwert. "Maar na een paar maanden zullen we moeten kijken of het het nog waard is om ons nog dieper in de schulden te steken."

MKB Noord

By MKB Noord binne de soargen fan de ûndernimmers bekend en dy wurde ek dield. De lêste perioade giet yn fan in fergoeding foar de fêste lesten, de banken hâlde op mei it útstellen fan kredytôflossing en de belesting wol per 1 july in betellingsregeling treffe mei de ûndernimmers. Sa leit Joyce Walstra, foarsitter fan MKB Noord út.

"De economie is nog niet weer opgestart. Er wordt op dit moment niet op eigen kracht verdiend, maar de regelingen worden wel afgebouwd. Die combinatie maakt dat nu de klappen gaan komen."

Joyce Walstra, foarsitter fan MKB Noord

Starters

Foar startende ûndernimmers is it al hielendal dreech om de holle boppe wetter te hâlden. Wie it al in risiko om mei in winkel te begjinnen yn coronatiid; foar stipe komme se net yn oanmerking, omdat se gjin ferlies yn ferhâlding ta it jier dêrfoar opjaan kinne. Sa hat Patricia Panescu fan Pip's Delicious sûnt juny in winkel mei biologyske produkten fan de plant en ferkeapet se ek waarm iten. Al fiif kear moast se har saak yn Ljouwert oanpasse oan de coronamaatregels. En ek al mei se noch wol iepen wêze; klanten komme der hast net.

"De omzet is meer dan vijftig procent naar beneden gegaan en de kosten gaan wel door", fertelt Panescu. "Dat maakt het moeilijk om alle facturen te betalen. Dat kan ertoe leiden dat ik de deuren moet sluiten. Daar ben ik wel bang voor."

Foar starters komt der in regeling om se te stypjen, de saneamde 'corona-overbruggingslening'. Oft Panescu dêr foar yn oanmerking komt, is net dúdlik. As der útgien wurdt fan in ynkommen troch in partner dan bliuwt se tusken wâl en skip fallen.

Startende ûndernimmer Patricia Panescu

(Advertinsje)
(Advertinsje)