Tall Ship Europa ruilet pinguins fan Antarktika yn foar Harnzer Havenmantsje

Tall Ship de Europa sylt gewoanwei oer de hiele wrâld, mar de tradisjonele sylrûten binne ynruile foar in tochtsje fan West-Skylge nei de haven fan Harns. De tocht oer it Waad is hiel wat oars as de grutte oseanen en de kontininten dy't it skip oars oandocht. De kommende wiken bliuwt it 56 meter lange skip by 't Havenmantsje yn Harns lizzen.
Bark Europa
Fanwege de coronakrisis koene de ekspedysjes nei Antarktika net trochgean en dêrom lei it skip troch need twongen yn de haven fan Skylge. Mar woansdeimoarn hat it skip mei de namme Europa koers set nei Harns. En dat is unyk, want it skip komt gewoanwei amper yn Nederlân.
"We hebben maar vier uurtjes gevaren en dat is toch anders dan dat we continu varen, zoals normaal. Het is wel spannender varen op de Waddenzee. Er gebeurt wat meer en je moet wat meer opletten. Er is meer scheepvaart en het is wat ondieper. Maar voor de rest is het natuurlijk totaal niet waar wij voor gemaakt zijn. We zijn best wel een groot schip en dwarsgetuigd en die schepen zijn gemaakt om op de oceaan te varen", fertelt Jelte Hibma, kapitein op de Europa.

Pitstop yn Harns

"Harlingen is ook heel mooi, maar wel anders". Wylst it skip gewoanwei om it iis fan Antarktika sylt tusken de pinguins en de walfisken, krijt it no in opknapbeurt yn de Fryske havenstêd. "Normaal hebben we veel geld en weinig tijd en nu hebben we veel tijd, maar weinig geld. We zijn dus veel aan het klussen", fertelt Hibma. Mei de fêste bemanning fan acht persoanen wurdt ûnder oare wurke oan de hutten yn it skip.
Jelte Hibma © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Kapitein Jelte Hibma fertelt dat it silen op it Waad hiel oars is as op de oseaan:
Yn Harns is de organisaasje fan de Tall Ships Races wiis mei de komst fan Europa. "It binne prachtige skippen en Harns wol him graach delsette as dé tall ship haven fan Nederlân. Dêrom is it ek hiel moai dat der bûten it evenemint fan Tall Ship Harns om de fjouwer jier hjir ek sa no en dan tall ships lizze", seit projektdirekteur fan Tall Ships Races Harns 2022, Lieuwe Krol.

Tall Ship Experience

Neist it grutte evenemint yn 2022 wol de organisaasje ek in Tall Ships Experience iepenje. "Oan de nije Willemshaven yn in loads wolle wy in experience-sintrum meitsje. Dêr lizze ek altyd in soad moaie, âlde skippen en de brune float leit dêr. It is de bedoeling dat elts dy't dat nijsgjirrich fynt dêr alles fine kin oer de skiednis fan de tall ships, mar ek ynformaasje oer it evenemint yn Harns fine kin", fertelt Krol. It sintrum is benammen bedoeld om de jongerein entûsjast te krijen. "Wy hoopje dat jongelju trainee wêze wolle op ien fan de tochten fan de sylskippen. Want wy wolle eins yn 2022 wer 350 trainees mei hawwe op de skippen", leit Krol út.
De Tall Ships Experience wurdt oanklaaid mei foto's, audio- en fideofragminten. Dit binne bygelyks films fan eardere trainees. De romte wurdt nei ferwachting op 1 april fan dit jier iepene.
Projektdirekteur fan Tall Ships Races 2022 Lieuwe Krol is bliid mei it skip yn Harns
Lieuwe Krol © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek