Grûn efter slûsmuorre yn De Tsjonger werombrocht nei fuortspielen

De grûn efter de muorre fan de slûs yn De Tsjonger tusken Hoarnstersweach en Aldeberkeap is werombrocht, dat lit Wetterskip Fryslân witte. Op 24 desimber spielde der in soad grûn fuort troch in steuring fan de njonkenlizzende keardaam. Dêrtroch spielde wetter út de rivier oer de kaaimuorre en dêr waard grûn by meinommen.
© Wetterskip Fryslân
It fuortheljen fan it weispielde sân yn De Tsjonger set ynkoarten útein. Ek makket Wetterskip Fryslân in begjin mei it werstellen en ôfwurkjen fan de ynfrakstruktuer, lykas de ferljochting en befluorring.