PvdA-fraksje tsjin sluting NS-servicebaly op stasjon Ljouwert

06 jan 2021 - 19:27

De fraksje fan de Partij van de Arbeid yn Ljouwert wol dat de NS-servicebaly op it Ljouwerter stasjon iepen bliuwt. De partij jout oan berjochten heard te hawwen dat de NS dochs en opnij fan doel is om dy baly te sluten. Dat soe neffens harren mindere tsjinstferliening opsmite kinne foar ynwenners en kwetsbere reizgers.

It stasjon fan Ljouwert oan it Stasjonsplein - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

As de baly wol slute moat, soe neffens de PvdA in alternatyf wêze kinne dat treintickets en abonneminten tenei by de Kiosk of fytsestalling te krijen binne. De fraksje hopet dat it kolleezje en de provinsje mei de NS om tafel wolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)