Mei Feanster SportXperience moatte bern bewegen bliuwe yn lockdown

06 jan 2021 - 18:09

Bewege en sporte, it komt der faak net mear fan no't de skoallen en sportskoallen ticht binne. Mar op It Hearrenfean fine se dat mar neat. Dêrom biedt de gemeente dizze dagen allegeare bûtensporten foar bern yn de SportXperience. Tusken 4 en 15 jannewaris kinne bern yn 'e kunde komme mei in grut ferskaat oan sporten.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Buertsportcoach Niels den Braven seit dat der fan alles te dwaan is: fan freerunning, skeelerjen, dûnsje, mei pylk en bôge sjitte en lacrosse. "Het is echt een 'sport experience', geïnitieerd vanuit de gemeente Heerenveen om de jeugd in beweging te krijgen. Vanaf 4 tot 18 jaar."

En dat is wichtich, sa seit er. "Die kinderen moeten in beweging blijven. 's Ochtends schoolwerk, daarna lekker naar buiten. We kunnen dit met alle sportaanbieders van de gemeente verzorgen. Zeker met de subsidie uit de Krajicek- en Cruijff Foundations. De kinderen kunnen zich zelf aanmelden, wij bieden daarna de sporten aan. Dat is toch fantastisch."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek op It Hearrenfean

Eltse middei binne der fergees aktiviteiten, organisearre troch Sportstad Heerenveen yn 'e mande mei lokale sportoanbieders. Ien fan de bern is drok dwaande op de skeelerbaan: "Ik leer hoe je moet skeeleren. Met pinguïnstapjes, dan kom je vanzelf vooruit. En bij langere slagen ga je sneller."

Yn Aldskoat binne se dwaande mei lacrosse

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
(Advertinsje)
(Advertinsje)