Plysje pakt man (20) foar oerfal op frou (70) yn Broeksterwâld

06 jan 2021 - 17:31

De plysje hat in 20-jierrige man oanholden foar in oerfal op in frou fan 70 jier âld, healweis desimber yn Broeksterwâld. De man hie in wapen by him doe't er de frou yn har eigen wenning oerfoel. Dat meldt de plysje.

Foto: Srfotografie

Oardel wike nei de oerfal melde de plysje al dat der in fertochte yn byld wie. It is net dúdlik oft de man dy't no oanholden is, deselde persoan is. De fertochte sit noch fêst. Hy wurdt heard troch de plysje. Tongersdei wurdt er foarlaat oan de rjochter-kommissaris, dy't bepaalt oft er langer sitten bliuwe moat.

De frou rekke net ferwûne by de oerfal. Se hie de doar iepene, neidat der oanbelle waard. Doe seach se in man mei in wapen yn de hân en in bivakmûtse op de holle. Hy easke jild. Neidat er dat krigen hie, gong er it hûs wer út.

De plysje kaam de fertochte op it spoar nei buertûndersyk, en spoare-ûndersyk yn de wenning. It plysje-ûndersyk is noch hieltyd oan de gong.

Trefwurden: 
plysje Broeksterwâld oerfal
(Advertinsje)
(Advertinsje)