Fryske Waadeilannen wolle net wurde as de Dútske, dêr't de lûken jûns ticht geane

Op guon Dútske Waadeilannen is it al in bekend ferskynsel. Bern fan eilanners dy't op it eilân gjin hûs fine kinne, ferhúzje nei de wâl en nimme moarns de earste boat, sadat se wol op it eilân wurkje kinne yn de toeriste-yndustry. Neffens kommissaris fan de kening Arno Brok is soks 'funest foar de leefberens'
Leefberens op de Waadeilannen
"Us eilannen moatte gjin museum wurde, mar libbene mienskippen bliuwe", sei Brok. Hy wie op in 'hybride' moeting op it provinsjehûs, mei minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken en meardere eilânbestjoerders. Eins soe de minister op wurkbesite nei de eilannen, mar fanwege it coronafirus koe dy moeting net trochgean.

Gjin wenromte

Ut namme fan de fiif eilânboargemaster warskôget boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân de minister foar it saneamde 'Norderney-effekt'. "Dat is verschrikkelijk. Dan gaan aan het einde van de dag de rolluiken dicht, en is het een dode boel. Die kant willen we met onze eilanden absoluut niet op." Stoel is bekend mei foarbylden fan seizoenwurkers dy't har yn Holwert nei wenjen sette, omdat se op it eilân gjin wenromte fine kinne. "Het gaat nu nog om een uitzondering, maar dat moet het wat mij betreft ook blijven."
Foarsitter Leo Pieter Stoel fan de eilânboargemasters
© ANP
Stoel krige byfal fan boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach. "Steun van het Rijk is nodig om een leven lang wonen, leren en werken op de eilanden mogelijk te maken", sei sy digitaal tsjin de minister. Boargemaster Tineke Schokker fan Flylân is mar al te bekend mei it probleem. "In kok kaam net nei it eilân, omdat er gjin hûs fine koe. De skoalle rekke dêrtroch in pear learlingen kwyt, learlingen dy't de skoalle eins net misse kin."

Minister begrypt soargen

Minister Ollongren reagearre fol begryp op de analyze fan de eilânboargemasters. "De Waddeneilanden moeten zeker geen Venetië worden. Laten we samen gaan kijken wat nodig is om dat te voorkomen."
Minister Kajsa Ollongren op de stoel fan kommissaris fan de kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Ollongren sei ek ta dat se ree is om har yn Den Haag op te stellen as 'ambassadeur van de Waddeneilanden'. "Het is ook een nationaal belang. Iedere Nederlander is er wel een keer geweest, en als ze er niet zijn geweest willen ze er wel naar toe."
Oan 'e ein fan de byienkomst krige de minister in notysje fan de fiif Waadeilannen dêr't yn beneamd wurdt wat de wichtichste útdagingen binne om libbensfetbere mienskippen op de eilannen te hâlden: betelbere wenromte foar starters, goed ûnderwiis, wurkgelegenheid bûten de toerismesektor en lytsskalige soarchfoarsjennings foar âldere eilanners.

"Eilanders vragen niet snel om hulp"

"Ik zal er voor zorgen dat dit programma doorloopt als ik geen minister meer ben", seit Ollongren. "Ik hoop dat een werkbezoek het komende voorjaar wel weer mogelijk is." Neffens boargemaster Van Gent moat de minister as it heal kin wol nei de eilannen ôfreizgje. "Je kunt lezen wat de problemen zijn, maar je ervaart het pas echt als je ter plekke bent. Eilanders zijn stoere mensen, die vragen niet snel om hulp. Als ze toch om hulp vragen, dan is die ook nodig."
Minister Ollongren fan ynlânske saken oer de problematyk fan de Waadeilannen