FNP en PvdA: wês sunich op kultuerhistoarysk lânskip Noardwest-Fryslân

De Steatefraksjes fan de FNP en PvdA hawwe noed oer in nije beliedsregel fan it kolleezje fan Waadhoeke. It giet om de karakteristike kwelderwâlen, terpen en bolle perselen dy't yn it omjouwingsbelied strikt beskerme binne. Mar mei de nije regel sil in part fan dy gebieten minder beskerming krije. De fraksjes roppe op om sunich te wêzen op it lânskip.
It lânskip by Easterbierrum © Shutterstock.com (TasfotoNL)
Fanwege boaiemdelgong moat der wat barre yn it gebiet tusken Frjentsjer en Harns. Der soe in werferkaveling komme moatte. Omdat yn guon situaasjes de belangen fan de boer mei de wearde fan it lânskip botse kinne, hat it kolleezje der foar keazen om njonken de A-gebieten dy't strikt beskerme bliuwe no in nije kategory B-gebieten yn te fieren. Yn dy gebieten is foar in part de hege kwaliteit ferlern gien troch skaalfergrutting, sa wurdt der sein. Dêrom soe de beskerming ek wol minder kinne.

"Unbegryplik"

Yn in brief fan 25 maaie hat it kolleezje skreaun dat it yn it foarste plak fan belang is dat de bestimmingsplannen in goede beskerming biede foar de lânskiplike en kultuerhistoaryske wearden. Mar de partijen fine dat it nije belied yn striid is mei de doelstellingen fan it behâld fan it kultuerhistoaryske lânskip.
PvdA en FNP fine it ûnbegryplik, skriuwe sy. "Yn stee fan dat eleminten behâlden en fersterke wurde, ûndergraaft de fermindere beskerming fan de nije kategory B-gebieten de belangrike lânskipswearden." De fraksjes wolle dat it kolleezje fan Deputearre Steaten aksje ûndernimt.