Fisker fynt skedel yn stedsgrêft Frjentsjer

In fisker hat yn Frjentsjer in skedel út it wetter fan de stedsgrêft fiske. Dat meldt de plysje. De skedel waard begjin oktober al fûn, yn it wetter oan de Turfkade. It nijs komt no pas nei bûten.
Skedel oan de angel © Plysje Noardwest Fryslân
Spesjalisten fan de plysje ha de skedel feilichsteld en oerdroegen oan ûndersikers fan it Nederlands Forensisch Inistituut NFI. Dy sizze dat it gean soe om in skedel fan in frou dy't 16 oant 40 jier âld wurde is. Se libbe tusken de lette midsiuwen en de nije tiid, yn de perioade tusken 1250 en 1795.
Neffens de plysje is it net ûngebrûklik dat der minsklike bonken oantroffen wurde yn âlde stedsgrêften sa as dy fan Frjentsjer.
Wa't de fisker is dy't it objekt boppe wetter brocht is net bekend makke. De skedel is ta beskikking steld oan it Noordelijk Archeologisch Depot yn Nuis.