Ekstern ûndersyk nei wurkklimaat binnen poppoadium Neushoorn

06 jan 2021 - 16:23

Poppoadium Neushoorn, it Friesland College en gemeente Ljouwert sille mei-inoar in buro sykje dat in ekstern ûndersyk dwaan kin nei it wurk- en learklimaat binnen Neushoorn. Dat hat it poppoadium sels bekend makke.

Poppoadium en kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Oanlieding foarmje berjochten op Liwwadders.nl. Dêr waard yn sein dat der sprake is fan machtsmisbrûk troch technisy en produksjepersoniel yn 'e rjochting fan froulike frijwilligers en stazjêren. De lieding fan Neushoorn soe dy klachten net serieus naam hawwe.

It eksterne buro moat yn petear gean mei dy stazjêren en meiwurkers, om te efterheljen oft der sprake west hat fan misstannen. Wannear't it ûndersyk echt begjint, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)