172 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

06 jan 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 172 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne 31 minder as tiisdei, doe't 203 gefallen meld waarden. It deistige trochsneed is de ôfrûne wike 243.

Foto: Shutterstock.com / ffikretow

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen komme út de gemeente Súdwest-Fryslân wei, dêr giet it om 30 besmettingen. Dêrnei folgje Ljouwert mei 26, Hearrenfean mei 16 en Smellingerlân mei 14.

Fierder binne der twa ynwenners fan gemeente Súdwest-Fryslân ferstoarn oan it firus. Ek binne der twa nije pasjinten it sikehûs yn rekke: ien fan Súdwest-Fryslân en ien fan Smellingerlân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)