Earste Fryske soarchmeiwurker faksinearre tsjin coronafirus

06 jan 2021 - 16:55

In ferpleechkundige op de spoedeaskjende help fan it Ljouwerter sikehûs MCL is as earste Fryske soarchmeiwurker yninte tsjin it coronafirus. Andrea de Boer krige om 15.10 oere de earste fan twa prikken dy't har tsjin besmetting beskermje moatte.

Fryske soarchmeiwurker faksinearre

Yn sikehûs MCL ha har binnen 24 oeren al in lytse 400 minsken oanmeld foar de prik. Dat is ek it oantal dat it sikehûs beskikber krigen hat fan it RIVM. Oant en mei freed wurde de meiwurkers faksinearre en oer trije wiken krije se de twadde faksinaasje.

As ien fan de oanmelde soarchmeiwurkers net opdaagjen komt, wurdt de spuit net fuortsmiten, seit Gerard Akkerman fan it MCL. "We willen dit absoluut niet verspillen. Er wordt dan direct iemand anders gezocht die de prik wel kan krijgen."

Alle dagen 325 minsken

De kommende dagen wurde der troch de hiele provinsje hinne inkele hûnderten sikehûsmeiwurkers faksinearre. Fan 15 jannewaris ôf folgje meiwurkers fan ferpleechhûzen, en letter ek minsken dy't wurkje yn de handicaptesoarch. Alle dagen kinne 325 minsken faksinearre wurde. Dat meldt de Veiligheidsregio Fryslân. De earste oanmeldingen foar dizze faksinaasjeronde binne al binnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)