HEA! It nostalgysk museumke fan Donkerbroek

Wietze en Anita Meijerhof út Donkerbroek sparje al goed fyftjin jier allegear âlde produkten út de perioade 1900-1980. De samling fan poppeprodukten fan Anita stiet yn de wenkeamer. De kolleksje fan Wietze hat in gaadlik plak yn it nostalgysk museumke yn it túnhok. Gauris krije se doaskes mei âld guod taskood fan minsken út de buert, dy't de souder opromje. Koartlyn krigen se potsjes sjem fan 75 jier âld, in needrantsoen út de Twadde Wrâldoarloch.
Nostalgysk museumke fan Donkerbroek