Gruthannel Sligro rekke troch coronakrisis; fiifde minder omset

06 jan 2021 - 14:12

Gruthannel Sligro hat ôfrûne jier hast in fiifde minder omset draaid troch de coronakrisis. Benammen de sluting fan in soad hoarekasaken soarge dêrfoar. Yn it lêste fearnsjier fan 2020 wie de omset hast in tredde leger. Sligro hat trije lokaasjes yn Fryslân: yn Drachten, Ljouwert en op It Amelân.

Foto: Google Street View

Sûnt de lêste lockdown wienen konsuminten ek net mear wolkom, dy't dêr earder wol oankeapen dwaan mochten. En restaurants fan hotels wienen doe ticht.

De folsleine omset fan Sligro wie goed 1,9 miljard euro. Yn 2019 wie dat 2,4 miljard euro. It bedriuw hat flink yn de kosten snien. Fan de hast 700 útstjoerkrêften foar de coronakrisis is noch mar in hantsjefol oer. Ek net needsaaklike ynvestearringen stelt Sligro wêr mooglik út.

Fan baneferlies is gjin sprake, der binne sa'n 5.000 fêste wurknimmers. Troch de faksinaasjes sjocht Sligro perspektyf foar herstel. "De consument gaat als het kan weer heel snel naar het terras, evenementen of het theater", seit direkteur Van der Sluijs. Letter dizze moanne komt Sligro mei de folsleine jiersifers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)