Betize man yn wenning Easterwâlde: arrestaasjeteam yn aksje

06 jan 2021 - 13:02

De plysje hat woansdei yn Easterwâlde oan de Kringgreppelstraat dwaande west mei in betize man dy't folslein troch it lint gien is. De man foarme in bedriging foar syn omjouwing. Wêrmei wol de plysje net sizze.

Arrestaasjeteam yn aksje yn Easterwâlde

Foar de betize man waard in arrestaasjeteam ynset. Dy hat de man oanhâlden. Om't net dúdlik wie wat foar gefaar de man foarme foar oaren yn de Kringgreppelstraat waard opskaald nei GRIP-1. Dat is in koade foar helptsjinsten wêrmei't se makliker kommunisearje kinne.

De man is meinaam nei it plysjeburo, neffens wurdfierder Paul Heidanus wie er yn "geestelijke nood." Foar him wurdt psychyske help ynskeakele.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media
(Advertinsje)
(Advertinsje)