Waadeilannen: Coronakrisis soarget foar ekstra problemen, ryksoerheid moat yngripe

06 jan 2021 - 12:42

De ryksoerheid en de provinsjes moatte mei de Waadeilannen in spesjaal programma útfiere, om de spesifike problemen oan te pakken dêr't de eilannen yn de coronakrisis tsjinoan rinne. Dat seit boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân, út namme fan de fiif eilânboargemasters.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân fertelt wat der mis is mei it lanlike belied

Stoel komt mei syn oprop oan minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken, op de dei dat se op it provinsjehûs yn Ljouwert is foar in koarte besite.

Neffens Stoel pakke de maatregels dy't it Ryk nimt net altyd like goed út foar de Waadeilannen. Hy begrypt wol dat premier Rutte yn maart alle restaurants en hoareka op stel en sprong sletten hat, mar foar de eilângasten hie dat grutte gefolgen, seit er. Winkels wiene ek al ticht, en minsken dy't gjin iten yn hûs hiene, en fan doel wiene nei in restaurant te gean, koene gjin kant mear op. "Dat is een typisch voorbeeld van een maatregel die landelijkelijk begrijpelijk is, maar op een eiland anders uit kan werken."

Earder pleite Stoel al foar in spesjale behanneling fan de eilannen, as it giet om it faksinearjen. Hy soe it leafste sjen dat der ien kear in grutte faksinaasjeronde komt, omdat oars alle eilanners apart fan elkoar nei de fêste wâl moatte foar in prik.

De eilannen binne dêr noch altyd oer yn petear mei de GGD, seit Stoel. "Het is niet voor iedereen even gemakkelijk om naar een centrale priklocatie te gaan, en een verzorgingshuis op een eiland is te klein, als de vaccins met duizenden tegelijk komen. Dan kun je beter alle inwoners in één keer vaccineren."

Stoel seit dat der de kommende dagen mear dúdlik wurde moat oer de faksinaasjestrategy foar de Waadeilannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)