Eksamenlearlingen folgje les op skoalle; "Op school leren ze meer dan thuis"

06 jan 2021 - 12:41

Corona hat foar de lêste lichting eksamenkandidaten yn it fuortset ûnderwiis in grutte domper west. De lessen giene net troch, ekskurzjes waarden ôfsein en sels it eksamen sels waard skrast. Dat moat dit jier hoe dan ek oars, sa fine se op in soad skoallen. En dus binne, nettsjinsteande de lockdown, de eksamenlearlingen wolkom op skoalle. Sa as bygelyks by it Bogerman yn Snits.

Eksamenlearlingen folgje les op skoalle

In grut part fan de skoalle is leech, yn in pear klassen wurdt wol lesjûn. De lokalen sitte minder fol of de learlingen sitte ferdield oer twa lokalen. Ien fan de dosinten dy't op skoalle oan it wurk is, is Timothy Cnossen. "Ik ben erg blij dat deze examenleerlingen op school zijn. Vorig jaar hebben ze ook veel lessen door de lockdown gemist en zijn toetsen doorgeschoven en doordoor is dit nu een zwaar en druk jaar. Op school leren ze meer dan achter de laptop thuis." Dat is ekstra belangryk foar de learlingen dy't dit jier eksamen dwaan moatte.

Cnossen jout 'hybride les', dat wol sizze dat er op skoalle lesjout, mar ek online.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga is op Bogerman

(Advertinsje)
(Advertinsje)