Njoggen fragen oer it coronafaksin: Hoe wurket it, en wat sit der yn?

16 feb 2021 - 06:57

Bywurkingen, langetermyneffekten, 'kaliumdiwaterstoffosfaat'... Der wurdt fan alles sein oer it coronafaksin, mar hoe wurket it no eins echt en wat sit der allegearre yn? De European Medicines Agency (EMA) hat alle produktynformaasje oer it Pfizer-faksin bekend makke en Omropredakteur Martine van der Steege mei in biomedyske achtergrûn is dêr yndûkt. Dit witte wy oant no ta.

Foto: ANP

Dit artikel ha we earder publisearre op de dei dat yn Fryslân it earste coronafaksin set waard.

Hoe wurket it faksin?

Dit faksin is in 'RNA-faksin'. Dat betsjut dat der in lyts stikje genetyske ynformaasje fan it coronafirus ynsit. Dit stikje mRNA soarget der yn ús lichem foar dat der 1 aaiwyt fan it coronafirus yn ús liif oanmakke wurdt. Yn dit gefal giet it om it aaiwyt dat oan de bûtenkant fan in firusdieltsje te sjen is as in útstekseltsje. Dyn lichem herkent dat dit aaiwyt by in firus heart en reagearret mei in ôfwarreaksje. It moaie is dat dyn lichem sa leart en opslacht hoe't it tsjin dit spesifike firus fjochtsje moat.

Ast it firus no letter echt krijst, steane de 'soldaten' (dyn ôfwarsellen) om it sa te sizzen al klear en wurdt it firus fuort de kop yndrukt foardatst der echt siik fan wurde kinst. It is dus net sa datst mei dit faksin in ferswakke ferzje fan it coronafirus binnen krijst: allinnich 1 aaiwyt út it firus. It faksin wurdt fierder op natuerlike wize wer ôfbrutsen troch dyn lichem en feroaret dus bygelyks neat oan dyn eigen DNA.

Foto: Omrop Fryslân

Mar wat sit der fierder dan noch yn?

Fet, sâlt, sûker en wetter. Want om it faksin as floeistof yn dyn lichem bringe te kinnen, sitte der noch 10 oare stoffen yn:

  • ((4-hydroxybutyl)azaandiyl)bis(hexaan-6,1-diyl)bis(2-hexyldecanoaat) (ALC-0315)
  • 2-[(polyethyleenglycol)-2000]-N,N-ditetradecylacetamide (ALC-0159)
  • 1,2-distearoyl-sn-glycero-3-fosfocholine (DSPC)
  • Cholesterol
  • Kaliumchloride
  • Kaliumdiwaterstoffosfaat
  • Natriumchloride
  • Dinatriumfosfaatdihydraat
  • Sucrose
  • Water

Dy earste trije stoffen (ALC-0315, ALC-0159 en DSPC) sille de measte minsken net bekend foarkomme. Golesterol wierskynlik wol. Mar dit binne allegearre fetten: it stikje mRNA yn it faksin sit ferpakt yn in fetboltsje. Dat fetboltsje soarget dat it mRNA goed oankomt yn dyn lichemssellen.

Kaliumchloride, kaliumdiwaterstoffosfaat, natriumchloride en dinatriumfosfaatdihydraat binne sâlten. Sucrose is sûker en wetter is fansels bekend. Sâlt en sûker sitte yn faksins sadat it faksin better tatsjinne wurde kin en better hâldber is.

Kinst ek bywurkingen krije fan it faksin?

Ja, dat kin. Der komt fansels wol in ôfwarreaksje op gong en dêr kinst mylde klachten troch fiele. It faksin is op tsientûzenen minsken boppe de 16 jier test foardat it op 'e merk kaam. Yntusken ha al miljoenen minsken it faksin krigen. Klachten dy't it meast foarkomme binne wurgens (by mear as 60%), pineholle (by mear as de helte), spierpine en kâlde rillingen (by mear as 30%). Fierder docht by in soad minsken it plak dêr't se de ynjeksje krigen ha wat sear. Dizze klachten binne myld en ferdwine nei in pear dagen.

Hoe sit it dan mei allergyen en langetermynbywurkingen?

Minsken kinne altyd in allergyske reaksje krije op in ynjeksje, mar dat is seldsum. Fan de tsientûzenen proefpersoanen, ha in pear in allergyske reaksje krigen dy't te behanneljen wie. Fierder jouwe de yngrediïnten yn dit faksin gjin reden om te tinken dat der langetermynbywurkingen binne, mar om dat wis te witten is de fabrikant fan it faksin ferplichte om twa jier ûndersyk dwaan te bliuwen nei de feilichheid en effektiviteit fan it faksin.

Is it faksin ek feilich foar bern en froulju dy't yn ferwachting binne?

It faksin is noch net test op bern en froulju dy't yn ferwachting binne yn de no beskikbere en ôfrûne ûndersiken, dus krije sy it faksin noch net. Der rinne yntusken wol ûndersiken mei bern. By proeven mei drachtige rotten waarden gjin effekten op de fruchtberheid, de dracht of de ûntwikkeling fan it embryo sjoen. Oft it faksin ek oerdroegen wurde kin fia de plasinta of memmetate, is noch net ûndersocht.

Hoe goed wurket it faksin?

Neffens Pfizer/BioNtech foarkomt it faksin yn 95% fan de gefallen it krijen fan COVID-19. By minsken boppe de 75 jier liket it yn de ûndersiken 100% effektyf.

Witte wy al hoe láng it wurket?

Dat wurdt noch ûndersocht. Op dit momint is bekend dat de beskerming troch it faksin nei trije moannen noch like grut is as yn it begjin. Om sa effektyf mooglik te wêzen, bestiet dit faksin út twa prikken. De twadde folget trije wiken nei de earste. Sân dagen nei de twadde ynjeksje soe it faksin maksimaal wurkje moatte.

Wêr wurdt dit faksin eins makke?

De fabrikanten dy't de wurksume stoffen fan it faksin meitsje, sitte yn Dútslân (BioNTech Manufacturing GmbH en Biopharma SE) en yn Amearika (Wyeth BioPharma Division of Wyeth Pharmaceuticals). De fabrikanten dy't ferantwurdlik binne foar de úteinlike frijjefte fan de faksins sitte yn Dútslân (BioNTech Manufacturing) en België (Pfizer Manufacturing Belgium). Op de bysluters fan faksins moat altyd de namme en it adres fan de fabrikant stean dy't dy levering faksins frijjûn hat.

Wannear bin ik oan bar?

Fan dizze woansdei ôf wurdt faksinearre, mar guon berops- en befolkingsgroepen geane foar. It regear ferwachtet dat foar oktober alle Nederlanners dy't dat wolle, yninte wêze kinne. Mar de levertiid fan faksins sil dêr in soad ynfloed op ha. Sa kin de EMA elk momint mei in goedkarring fan it Moderna-faksin komme (ek in RNA-faksin, lykas it Pfizer/BioNtech faksin), mar dat lit oant no ta noch op him wachtsje.

Martine van der Steege oer it faksin

De folsleine produktynformaasje fan de European Medicines Agency oer it Pfizer/BioNtech-faksin is hjir te finen.

Hast noch mear fragen oer it coronafaksin? Dan kinst belje mei 0800 - 1351.

Witst troch sykte of oare saken net oft it foar dy ferstannich is it faksin te nimmen? Oerlis dan mei dyn húsdokter.

Trefwurden: 
coronafirus coronafaksin
(Advertinsje)
(Advertinsje)