93 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

06 jan 2021 - 11:42

Der lizze op it stuit 93 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen. Dat blykt út de lêste sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland, dat trije kear yn de wike de situaasje yn de Fryske sikehûzen nei bûten bringt. Twa dagen lyn leine der noch 87 coronapasjinten yn it sikehûs yn ús provinsje.

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

Der lizze 27 coronapasjinten op de intensive cares yn Fryslân, dat binne der 3 minder as moandei. Op de oare ôfdielingen lizze 66 pasjinten, dat binne der 9 mear as moandei. Yn de trije noardlike provinsjes lizze mei elkoar 234 coronapasjinten yn it sikehûs, 76 fan harren komme út oare regio's.

Trefwurden: 
sikehûs coronafirus AZNN
(Advertinsje)
(Advertinsje)