Fryslân bliuwt út de wyn yn coronakrisis: sifers litte gjin ekstra stjergefallen sjen

It coronafirus hat yn Fryslân oant no ta folle minder slachtoffers easke as yn oare provinsjes. Dat docht bliken út in analyze fan de coronasifers oer 2020. Benammen yn de earste weach kaam ús provinsje der goed foar wei. En oer it hiele jier sjoen binne der neffens de sifers net mear minsken stoarn as yn oare jierren.
© ANP
It coronafirus kaam ús lân yn yn de earste moannen fan 2020. Fia lette wintersportfakânsjes kaam it nei Nederlân en it firus fersprate him yn earste ynstânsje benammen yn it suden fan it lân. Karnavalsfeesten wurde no sjoen as superspreader-events; eveneminten dêr't in pear minsken yn koarte tiid in protte besmet ha.
Yn Fryslân bleau it yn dy earste moannen rêstich. De earste gefallen yn ús provinsje waarden fêststeld op 10 maart en yn de earste weach rekken hjir 'mar' sa'n 650 minsken besmet. Yn de twadde weach, fan 1 augustus ôf, binne dat der al mear as 15.000. Yn hiel Nederlân binne yntusken hast 830.000 minsken besmet rekke. Fryske besmettings foarmje mar in hiel lyts oandiel yn dat getal.
© ProNews
Net allinne it oantal besmettingen is leech, dat jildt ek foar it stjertepersintaazje. Dat getal jout oan hokker diel fan de besmette persoanen ferstjert oan de sykte. Yn ús provinsje giet it om 1,13 persint fan de coronapasjinten. Lanlik is dat 1,43 persint. Dat liket in lyts ferskil, mar statistysk sjoen is it signifikant. Dat betsjut dat it ferskil net troch tafal ûntstien is.

Mear slachtoffers yn oare provinsjes

Yn de provinsjes dy't yn it begjin fan de krisis al swier troffen waarden leit it stjertepersintaazje flink heger. Sa ferstjert yn Limboarch 2,19 persint fan de besmette persoanen en yn Noard-Brabân 1,92. Dizze twa provinsjes helje eigenhannich it lanlik gemiddelde omheech. Der binne mar trije provinsjes mei in leger stjertepersintaazje as Fryslân. Dat binne Grinslân, Flevolân en Drinte.
Fryslân liket foardiel te hawwen fan it feit dat it firus hjir pas echt let syn yntree die, en dat der fan slimme fersprieding benammen yn de twadde weach sprake is. Doe wie der al folle mear ûnderfining mei de sykte, wat in posityf effekt hat op de behanneling.

Folle bêden

De druk op de Fryske sikehûzen wie yn beide weagen ûngefear like heech, hoewol't der minder Friezen siik wiene yn de earste weach. Doe leine der benammen minsken út oare regio's yn de Fryske sikehûzen.
In coronapasjint wurdt mei de helikopter nei it sikehûs fan Hearrenfean brocht © ANP
De pyk yn de bêdebesetting wie yn de earste weach koarter, mar ûngefear like heech as no. Noch altyd is in part fan de pasjinten yn de Fryske sikehûzen ôfkomstich fan bûten de regio. Yn de sikehûzen yn Fryslân, Grinslân en Drinte skommelet it persintaazje 'eksternen' de lêste wiken tusken de 25 en 40 persint.

Gjin oerstjerte

It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) foarseit elts jier op basis fan eardere gegevens hoefolle minsken der yn in bepaalde perioade ferstjerre sille. As it werklike oantal ferstoarne minsken struktureel heger is as dizze foarsizzings sprekke we fan oerstjerte.
Yn Fryslân is sûnt de corona-útbraak gjin sprake fan oerstjerte. Dat soe yn dizze krisis feroarsake wêze moatte troch coronadeaden. Dêrfan is yn ús provinsje dus gjin sprake, mar yn Noard-Brabân bygelyks wol.

Firus is noch net fuort

Dit artikel is publisearre op de dei dat yn Nederlân de earste minsken yninte binne tsjin it coronafirus. Dat wol noch net sizze dat it firus fuortendaliks fuort is. Noch alle dagen wurde der mear as 200 nije gefallen meld. En dat binne allinne noch mar de besmettingen dy't fûn binne. Ien dei lyn sei it sûnens-ynstitút RIVM noch dat der gjin oertsjûgjende effekten te sjen binne fan de 'lockdown' dy't sûnt heal desimber jildt yn it hiele lân.
Eva Meesterberends
Al it Fryske nijs oer it coronafirus is te finen op omropfryslan.nl/corona. Dêr steane ek grafiken mei de meast aktuele sifers fan it RIVM, fan alle Fryske gemeenen, en fan de hiele provinsje.