SC Hearrenfean lûkt Israelyske doelman oan

06 jan 2021 - 10:50

Sportklup Hearrenfean hat in nije doelman oanlutsen. De 32-jierrige Ariel Harush komt transferfrij oer fan it Slowaakske FC Nitra. Hy tekenet in kontrakt oant de ein fan dit seizoen yn it Abe Lenstra Stadion.

Ariel Harush - Foto: Orange Pictures

De Israelysk ynternasjonal moat noch in medysk kard wurdt troch de Feansters. Harush spile earder yn de earedifyzje: ferline seizoen spile de doelman noch by Sparta Rotterdam. Ofrûne simmer gie Harush nei FC Nitra.

"Betrouwbare keeper"

Technysk manager Gerry Hamstra is tige wiis mei de oankeap fan Harush, sa lit er op de webside fan SC Hearrenfean witte. "Iedereen weet dat we op zoek waren naar een extra doelman. Die hebben we met Ariel gevonden. Een ervaren en betrouwbare keeper, die bovendien bekend is met de Nederlandse speelstijl en al jaren international is van zijn land. Als Ariel medisch wordt goedgekeurd, sluit hij begin volgende week aan bij de selectie."

(Advertinsje)
(Advertinsje)