Drokte by hûneskoalle yn coronatiid; puppykursus is fan libbensbelang

06 jan 2021 - 10:09

Troch de coronakrisis nimme folle mear minsken in hûn. Se ha troch it thúswurkjen mear tiid en mear ferlet oan selskip. By DoggyDoe yn Ljouwert fernimme se dat ek. Der binne in hiel soad minsken mei puppy's. De groepslessen gean fanwege corona net troch, mar yndividueel kinne minsken wol kursus krije. Baaskes leare ûnder oare wat se dwaan moatte as se mei de hûn te kuierjen gean.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

"Je moet een pup dingen leren, hoe worden ze zindelijk en hoe zorg je ervoor dat ze 's nachts slapen en niet blaffen", fertelt Selma Bayrak fan hûneskoalle DoggyDoe yn Ljouwert. "Dat socialiseren gaat wat lastig in coronatijd, maar ze moeten wel leren omgaan met een drukke omgeving. De eerste periode is belangrijk, anders heeft de hond er de rest van zijn hondenleven nadeel van."

As in jonge hûn net wend is oan prikkels, bliuwt er dêr syn hiele libben gefoelich en benaud foar. Se fernimt dat minsken dy't toch al fan doel wienen om in hûn te nimmen, dat no earder dien ha om't se fanwegen corona mear thús binne. Neist it oefenjen thús moatte baaskes ek mei de hûn nei bûten. "Vooral buitenshuis moeten ze ook leren naar hun naam te luisteren, want daar is meer afleiding dan thuis."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman is by de hûnen

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Selma Bayrak sjocht dat it in stik drokker is yn de natuergebieten. "Een jaar geleden kon je alleen in het bos wandelen, maar tegenwoordig kom je veel mensen tegen. En ook veel honden, en die luisteren niet allemaal perfect. Een hond die niet goed kan luisteren, moet je eigenlijk niet los laten lopen." Eigeners kinne yn sa'n situaasje better de hûn by har hâlde. "Hondjes los in het bos is geen goed idee. Voor de honden is het lekker dat ze lekker kunnen rennen, maar voor de omgeving is het belangrijk dat die er geen last van heeft."

Tip

Se hat ek tips foar minsken dy't gjin hûn ha, mar witte wolle wat se dwaan moatte wannear't in hûn op har ôfkomt. "De hond reageert op beweging, dat triggert ze en ze zien dat als een spelletje. Dus mijn tip is als je buiten aan het wandelen of hardlopen bent, blijf rustig en beweeg je niet. Vaak ga je met je armen bewegen uit een soort schrikreactie, maar hou je armen stil. En als je aan het hardlopen bent, loop er met een ruime boog omheen of beter nog stop even."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman is by de hûnen (2)

(Advertinsje)
(Advertinsje)